Boot Hill (soms stavere as Boothill) is in oantsjutting foar in begraafplak yn it Wylde Westen, yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw yn 'e westlike helte fan 'e Feriene Steaten. Op sokke plakken waarden feroardiele kriminelen begroeven, en fierders revolverlju en oaren dy't "mei de learzens oan" stoarn wiene (d.w.s.: op gewelddiedige wize). Fan dy siswize is de namme ek ôfkomstich, mei't boot hill yn it Ingelsk "learzensheuvel" betsjut. Ek lju dy't net kristlik wiene, lykas Joaden en Sinezen, krigen op Boot Hill ornaris har lêste rêstplak. It earste begraafplak dat oantsjut waard as Boot Hill, wie dat fan Hays, yn Kansas, dat yn 1867 oanlein waard. Neitiid waard de namme Boot Hill yn it Wylde Westen húsriem. De bekendste Boot Hills binne dy fan Dodge City (Kansas), Tombstone (Arizona) en Deadwood (Súd-Dakota).

It Boot Hill-begraafplak fan Tombstone.

Plakken mei Boot Hills

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.