Boris- en Glebkleaster (Torzjok)
It Boris- en Glebkleaster (Russysk : Борисоглебский монастырь; Borisoglebski Monastir) is in otterdoks kleaster yn Torzjok oan it rivierke de Tvertsa yn 'e oblast Tver, Ruslân.
Boris- en Glebkleaster
Борисоглебский монастырь | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Tver | |
plak | Torzjok | |
koördinaten | 57° 02' N 34° 57' E | |
Kleastergegevens | ||
oprjochting | 1038 | |
opheffing | 1925 | |
weriepening | 1993 | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | 18e-19e iuw | |
boustyl | û.o. klassisisme | |
monumintale status | Kultureel monumint fan federaal belang | |
monumintnûmer | 691410183870006 | |
Webside | ||
novotormonastyr.ru | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeIt kleaster waard yn 1038 stifte troch de bojaar Efrem, in ridder fan prins Vladimir I. De bojaar woe mei de stifting de moard op Boris en Gleb troch Svjatopolk I betinke en hy waard sels de earste abt fan it kleaster. Fan it kleaster wurdt oannommen dat it it tredde kleaster west hat, dat stifte waard yn Ruslân.
It kleaster hie slim de lijen ûnder de Poalsk-Litouske ynfaazje fan 1607. De houten tsjerken waarden yn 'e brân stutsen. It âldste gebou fan it kleaster dat hjoeddedei noch bestiet is de Marije-Presintaasje- of Vvedenski-tsjerke, boud yn 'e 17e iuw op it plak fan in troch de Poalen yn brân stutsen gebou. Yn 1717 waard de Tsjerke fan de Yntocht yn Jeruzalim boud, dy't yn 'e jierren 1980 restaurearre is. De brân fan 1742 feroarsake grutte skea oan it kleaster.
Yn 'e twadde helte fan 'e 18e iuw makke it kleaster in revival mei. Op it plak fan 'e âlde Boris- en Gleb katedraal waard tusken 1785 en 1796 in nije katedraal boud, neffens in ûntwerp fan Nikolai Aleksandrovitsj Lvov. De Poartetsjerke mei de klokketoer waard yn 1804 tafoege, neffens guon ûndersikers ek in ûntwerp fan Lvov.
Opheffing
bewurkje seksjeIt kleaster waard yn 1925 opheven en it kleaster waard in finzenis, dy't dêr likernôch fyftich jier bleau. Dêrnei wie it in opfang foar alkoholisten en letter krige it in museale funksje. It museumbestjoer hat in soad war dien om it troch de finzenis fernielde arsjitektonyske kompleks te renovearjen.
Weriepening
bewurkje seksjeSûnt 1993 is in diel fan it âlde kleaster wer yn gebrûk as otterdoks kleaster. In oar diel wurdt noch brûkt troch it museum.
Gebouwen
bewurkje seksje- Boris- en Glebkatedraal (1785-1796).
- Tsjerke fan de Presintaasje fan Marije yn de Timpel (1620).
- Tsjerke fan de Yntocht yn Jeruzalim (1717).
- Ferlossertsjerke (1804-1811).
- Marije-Himelfeartkapel (1811).
Ofbylden
bewurkje seksje-
Boris- en Glebkatedraal.
-
Ferlossertsjerke mei klokketoer.
-
Tsjerke fan de Yntocht yn Jeruzalim .
-
Marije-Presintaasjetsjerke.
-
Marije-Himelfeartkapel.
-
Hoektoer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Борисоглебский монастырь (Торжок)
|