Boris en Glebtsjerke yn Plotniki (Veliki Novgorod)
De Boris- en Glebtsjerke yn Plotniki (Russysk: Церковь Бориса и Глеба в Плотниках) is in otterdokse tsjerke yn Veliki Novgorod, Ruslân. De tsjerke stiet yn it noardeastlike diel fan 'e stêd oan 'e lofter kant fan 'e Volchov, tusken de saneamde Hannelskant en de eardere wyk fan 'e timmerlju. De tsjerke waard yn 1536 boud mei fiif koepels op it plak fan in houten tsjerke mei mar ien koepel.
Boris en Glebtsjerke
Церковь Бориса и Глеба | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Novgorod | |
plak | Veliki Novgorod | |
koördinaten | 58° 31' N 31° 17' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1536 | |
monumintale status | Federaal monumint | |
monumintnûmer | 531510235180006 | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke waard yn 1536 troch de ynwenners boud, mei finansjele stipe fan de keaplju út Moskou en Novgorod. Yn 'e kroniken stiet beskreaun dat de bou yn fiif moannen foltôge wie. Likernôch twintich boumasters mei namme út Novgorod soargen foar de lieding fan 'e bou, dêr't hja elk 53 rûbel foar barden. Foar de bou waarden de âlde fûnenminten fan 'e foargonger op 'e nij brûkt.
Wat de struktuer oanbelanget is de tsjerke te fergelykjen mei de 14e-iuwske tsjerken fan Novogrod. Oan 'e oare kant sleat de nije tsjerke hielendal oan op 'e nij moade yn 'e arsjitektuer fan it Novgorod fan 'e 16e iuw. Dêrfan tsjûgje de fiif koepels op it dak, in ûngewoan oantal yn 'e lokale tsjerke-arsjitektuer fan 'e 13e oant 15e iuw. Dat jildt ek foar de oarspronklik kylfoarmige sakomary (tsjintwurdich rjocht en flak), de mearfâldige gevels oan alle kanten fan it gebou en de dekorative friezen mei fiifhoekige nissen om de tamboeren en ûnder de dakrâne fan de apsis.
Lykas oare tsjerken yn Novgorod út dy tiid waard ek de Boris en Glebtsjerke boud fan bakstien.
De tsjerke waard yn april 1937 troch de ateïstyske oerheid sletten. Yn 'e Twadde Wrâldkriich ûndergyng de tsjerke net in soad skea. Om 1955 hinne folge in restauraasje neffens in plan fan de arsjitekt Z.I. Vasiljev. Yn dy tiid wie de klokketoer noch yn in ridlike steat. Yn 'e jierren 1960 begûn de stedsuntwikkeling by de kant fan 'e Volchov lâns fan 'e Boris en Glebtsjerke oant de Aleksander Nevskibrêge. In tsjerketoer paste neffens de plannemakkers net yn 'e nije skyline fan dat part fan 'e stêd en dus waard dy toer ôfbrutsen.
Letter waard de tsjerke brûkt as pakhûs. Yn 'e jierren 1980 en 1990 bestudearre de arsjitekt V.A. Popov it monumint foar in folgjende restauraasje, dy't yn 1991 foltôge waard. De tsjerke waard in jier letter werom jûn oan it bisdom Novgorod fan 'e Russysk-Otterdokske Tsjerke. Tichteby de tsjerke stiet in monumint fan Aleksander Nevski fan 'e byldhouwer Joeri Tsjernov. Likernôch 160 meter noardlik stiet de Tsjerke fan Jehannes de Teoloog yn Vitka.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Церковь Бориса и Глеба в Плотниках
|