Stichting Amateurtoaniel Fryslân

De Stichting Amateurtoaniel Fryslân, miskien better bekend ûnder de ôfkoarting STAF, is in Fryske organisaasje dy't de belangen behertiget fan it Frysktalich amateurtoaniel. De stifting waard yn 1918 oprjochte as it Boun fan Fryske Toanielselskippen (BFT), en krige yn 2001 syn hjoeddeistige namme. By de STAF wiene yn april 2018 149 amateurtoanielferienings yn Fryslân oansletten. De organisaasje wurdt ûnderstipe troch Keunstwurk, it provinsjeaal kennissintrum foar kultueredukaasje, amateurkeunst en profesjonele keunst.

Stichting Amateurtoaniel Fryslân
algemiene ynformaasje
ôfkoarting STAF
hist. namme Boun fan Fryske
   Toanielselskippen (BFT)
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. stifting
wurkmêd Frysktalich amateurtoaniel
fêstige yn Ljouwert
oprjochte 1918
offisjele webside
www.staffryslan.nl

Behalven dat de Stichting Amateurtoaniel Fryslân op bestjoerlik mêd de belangen fan syn lidorganisaasjes behertiget, wurdt ek stribbe nei kwaliteitsferbettering fan it Frysktalich amateurtoaniel. Mei in jierlikse 'kriich' (wedstryd) tusken de oansletten selskippen wurdt besocht en foarmje in oerkoepeljend ferbân foar de ûnderskate ferienings. Fierders wurdt ek it jongereintoaniel oanfitere troch it fersoargjen fan kursussen en it beävensearjen fan subsydzjes. De STAF wurket gear mei de Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel (St.U.F.T.) om nij oerset en oarspronklik rippertwaar beskikber te meitsjen.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: