Bourboomstate
Bourboomstate stie oan de Dokkumer Ie bewesten de buorren fan Burdaard. De state is grif tusken 1748 en 1781 boud of ûntstien troch it ferbouwen fan in besteande pleats. Op it stee fan de state stiet no in grutte pandekte skuorre, dêr't in lúkse wenpleats yn timmere is.
De State ûntstie as bûten fan de bruorren Bourboom. Op de kaart fan Schotanus út 1718 is op it terrein noch gjin bebouwing fan betsjutting te sjen. Wylst yn it floreenkohier fan 1748 foar it earst boargemaster fan Ljouwert Jacob Bourboom (1690-1764), Petrus Bourboom en Everardus Bourboom de mienskiplike eigeners fan in 'boerderij' neamd wurde. Dêrnei stiet yn de argiven pas wat oer de bûtenpleats, as dy yn 1781 ferkocht wurdt. De zeer vermaakelijcke buitenplaats bestiet dan út een heerenhuizinge, boerewoninge met schuure, hovingen, bomen en plantagien byinoar leggende in zijn singels en grachten. In lettere advertinsje skriuwt noch oer in hof met kostelijke vrugtboomen en dat der een schoone keukentuin by wie en dat op it hiem in simmerhûs stie.
Yn 1791 keapet notaris Dr. Bravius út Ljouwert allinnich de heerenhuizinge, mar ferkeapet dy 7 jier letter al wer. Dêrnei komme wy Brouwer, boekferkeaper yn Ljouwert, tsjin as eigener fan de fjouwer perselen binnen de grêft. Yn 1828 wurde ôfbraakmaterialen oanbean (grouwe trijelingen en skokezinen), ôfkomstich fan it Slot oan de Ie by Burdaard, alwaar men dagelijks is aan het afbreken. Dochs bliuwt der noch wol wat bestean.
Yn de Ljouwerter Krante fan 19 en 26 july 1844 stiet in oankundiging fan de iepenbiere ferkeap fan: Eene Heeren Huizinge, benevens grooten Tuin, Gracht en Buitencingel, Bourboom State genaamd, alles zeer aangenaam gelegen aan de Duckumer Ee". Het huis wordt bewoond door "Mejufvrouw de Wed. de Roock en ten Kadaster bekend gemeente Birdaard, sectie B, bo 292, 292a, 293 en 294. De grutte bedraacht 71 roede en 58 jelne. En Eene Boeren Huizinge met Stalling voor 23 Koeijen en 4 Paarden, groote hechte Schuur en Hornlegger [], thans door P. Sinnema als huurder wordende bewoond en gebruikt. Op de State is in bod dien fan f. 1194,-, wylst op de pleats in bod fan f. 1301,- útbrocht is.
Yn de Ljouwerter Krante fan 12 augustus 1844 stiet fermeld dat der ten sterfhuize van Mejufvr. de Wed. de Roock, op Bourboom State onder den dorpe Birdaard, tegen contante betaling, publiek bij boelgoed presenteren te verkoopen op 13 en 14 augustus. Eenen zeer deftigen inboedel, bestaande voornamelijk in: Kabinet, Bufet, Tafels, Stoelen, Ledikanten, Linnenpers, Mangel, Spiegels, Schilderijen, Tafellinnen, beste Bedden met derzelver toebehooren; alsmede Goud- en Zilverwerken, waaronder Gouden Horologien, dito Knipbeugeltje, Zilveren Tafelkomfooren, Kandelaars, Lepels en Vorken; verder fijn Porselein, Kristal, Tin, Blik, Koper, IJzer, Glas en Aardewerk. Neffens de boargerlike stân fan Dantumadiel wie Mejufvr. de Wed. de Roock, Alexandrina Troulja, ferstoarn op 20 maart 1844 op 75-jierrige leeftiid.
Op 1 april 1845 wurdt der noch in beammeboelguod hâlden op Bourboom, wêrby't 60 ipen, 60 kletterbeammen, 30 linebeammen en 26 apel- en parrebeamen ferkocht wurde. Dêrnei wurdt yn datselde jier, op 2 july, in nije behuzing oanbestege troch Petrus Sinnema en it bûten is doe dus wer in pleats wurden.
Bewenners
bewurkje seksje- ± 1748 bruorren Bourboom
- 1791 - 1798 notaris Dr. Bravius
- 1798 boekferkeaper Brouwer
- - 1829 Joan Frederik de Roock
- 1829 - 1844 Alexandrina Troulja, widdo fan J.F. de Roock
- 1845 Petrus Sinnema
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|