Sipke Jan Bousema
Sipke Jan Bousema (Dokkum, 15 augustus 1976) is in Nederlânske telefyzjepresintator fan Frysk komôf.
Telefyzjekarriêre
bewurkje seksjeBousema makke syn telefyzjedebút yn jannewaris 1999 by Teleac/NOT as presintator by it SchoolTV Weekjournaal. Dêrfoar wie er al aktyf west efter de skermen, ûnder oare as produksje-assistint by Toen was geluk heel gewoon. Ek presintearre er it programma Boekenwurm fan SchoolTV yn 2001. Foar de AVRO presintearre er Heartbeat, Museumbende, ZipZoo: coördinaat X en ZipZoo: WorldWide. Foar dat lêste programma krige er yn 2005 de Gouden Stuiver foar it bêste jongereinprogramma[1]. Fan 2004 oant 2006 die er de voice-over by it programma Heartbeat VIPS.
Yn 2003 spile Bousema de rol fan studint Joris van Kampen yn de film De schippers van de Kameleon en yn 2005 presintearre er de premiêres fan Kameleon 2 en hie er in eigen teatershow Sipke Jan en het Mysterie van de Magische Bol. Dy show wie in súkses en waard yn jannewaris 2006 twa kear werhelle.
Bousema wie yn 2003 ferslachjouwer foar it Sinteklaassjoernaal en fan 2006 oant en mei 2009 presintator fan it Junior Eurovisiesjongfestival. Yn 2010 fersoarge er allinne it kommentaar.
Fan 2007 oant 2011 presinterarre Bousema tegearre mei Anniko van Santen it misdiebestridingsprogramma Opsporing Verzocht fan de AVRO. Yn 2008 wie er presintator fan Wie is de Mol? Junior, de berne-edysje fan Wie is de Mol? en die er mei oan Ranking the Stars, in programma fan BNN.
Yn de maaiefakânsje fan 2010 spile Bousema twa wiken de rol fan houtkapper yn de musical Sprookjesboom yn Teater de Efteling en yn de simmer fan dat jier presintearre er ek it programma Cash op Zolder fan de AVRO.
Begjin 2011 kundige Bousema oan dat ophâlde woe by de AVRO omdat er syn hoarizon ferbreedzje woe.[2] Bousema soe in middeistalkshow presintearje by de NTR.
Yn Ekspedysje Robinson 2011 wie Bousema ien fan de kandidaten, mar moast al yn it begjin belies jaan fanwegen in ankelblessuere.
Bousema presintearret foar de NTR 5op2, de jeugdtalkshow 'Wat zou jij doen?', Histoclips, en de dokumintêrerige Jong Talent: in Muziek.
UNICEF
bewurkje seksjeBousema is sûnt 2002 ambassadeur foar UNICEF. Yn de lêste wike fan septimber 2006 kaam hy sa yn it nijs, omdat hy aksje fierde tsjin it feit dat yn Nederlân bern yn frjemdlingebewar holden waarden. Dyselde wike presintearre hy de Nederlânske finale fan it Junior Eurofyzjesjongfestival 2006. Dêryn droech hy it mienskiplike nûmer Frij op oan dy bern.
Heroes of Football
bewurkje seksjeYn 'e mande mei de John Blankenstein Foundation en Marieke Slinkert betocht, ûntwikkele en produsearre Bousema de Europeeske bewustwurdingskampanje Heroes of Football.
Produksjebedriuw
bewurkje seksjeFan 2016 ôf oan produsearret produceert Bousema syn produksjebedriuw ferskaat oan projekten foar maatskiplike en kommersjele bedriuwen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |