Bräist (Deensk: Bredsted, Dútsk: Bredstedt) is in stêd yn Noard-Fryslân, Sleeswyk-Holstein. De stêd leit oan de autodyk B5 besuden de Stolberch (Dútsk: Stollberg), ien fan de heechste punten fan de Noard-Fryske fêstewâl, en sa likernôch 16 kilometer noardlik fan Hüsem.

Bräist
Bestjoer
Lân Dútslân
Dielsteat Sleeswyk-Holstein
Krite Noard-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 4.926 (2010)
Oerflak 9,75 km²
Befolkingsticht. 550 km²
Hichte 7 m. boppe seenivo
Oar
Tiidsône UTC +1

Kulturele ynstellings

bewurkje seksje

It Nordfriisk Instituut yn Bräist is it wittenskiplik sintrum dêr't ûndersyk dien wurdt nei de Noardfryske taal, kultuer en skiednis. Yn it ynstitút is in mânske biblioteek ûnderbrocht mei sawol Fryske wurken as ek wurken oer de Deenske en Sorbyske skiednis en kultuer. Yn de stedsbiblioteek is in ôfdieling mei Deenske boeken dy't ûnderhâlden wurdt troch de Deenske Sintrale Bibleteek foar Súdsleeswyk (Dútsk: Dänische Zentralbibliothek für Südschleswig).

It Friisk hüs is in hûs yn it sintrum fan Bräist dêr't de Friisk Foriining, de Noardfryske Feriening, en de seksje noard fan de Fryske Rie kantoar hâlde. It Friisk hüs is fêstige yn it âldste gebou fan de stêd.

Ferneamde ynwenners

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Commons: Bräist – foto, fideo en harktriemmen