Brandenburgh (Snits)

Brandenburgh, ek wol, skreaun as Brandenburg, is de namme foar it wen- en wurkhûs op de hoeke fan it Lytssân yn de binnenstêd fan Snits.

Brandenburgh

It pân bestiet út in sealdak mei hjirfoar in wyt plastere trepgevel mei toppilaster.

It gebou dat stammet út de sechtjinde iuw, is sûnt 1968 oanmerke as ryksmonumint en krige har namme troch de eardere drukkerij en útjouwerij Brandenburgh & Co, dy't hjir oant 1975 siet. De lêste direkteur fan de ûndernimming, L. Brandenburgh, wie ek sekretaris fan it foaroer steande Frysk Skipfeart Museum.[1]

Yn 1985 is it gebou folslein renovearre, benammen de gevel wie der min oan ta. Yn dat jier is it pân ek yn gebrûk nomd troch arsjitekteburo A. Wijbenga.[2] Letter soe it Sneeker Nieuwsblad him hjir fêstigje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Frysk Skipfeartmuseum FSM001004786
  2. Frysk Skipfeartmuseum, FSM001012577