Breakthru (liet fan Queen)

Breakthru is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Queen tusken jannewaris 1988 en jannewaris 1989 en útbrocht op it album The Miracle fan Queen út 1989. Breakthru wie it sechsde nûmer op it album en waard op 19 juny 1989 útbrocht as twadde single fan it album.

Breakthru
algemiene ynformaasje
B-kant Stealin
artyst Queen
album The Miracle
taal Ingelsk
sjenre Rock
útbrocht 19 juny 1989
opnommen jannewaris 1988 - jannewaris 1989
doer 4:08
label Parlophone
skriuwer Freddie Mercury en Roger Taylor
produsint Queen en David Richards
fideoclip
Queen - Breakthru (Official Video)
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân Top 40 - 4,
flagge fan Nederlân Single top 100 - 6,
flagge fan Belgje Ultratop 50 - 10

Oer it nûmer

bewurkje seksje

Breakthru waard skreaun troch Freddie Mercury en Roger Taylor. De yntro fan Breakthru wie yn earste ynstânsje bedoeld foar in oar nûmer, A New Life Is Born, dat lykwols nea útbrocht is. De fideoclip begjint mei bylden fan Debbie Leng de freondinne fan Brian May dy't op in spoarrails stiet te dûnsjen wêrnei't in trein dêr't de band op spilet troch in mei in pypskommen muorre sletten tunnel hinne brekt. De fideoklip is opnaam by de museumspoarline Nene Valley Railway, tichtby Peterborough.

  • Freddie Mercury – Sang
  • Brian May – Gitaar
  • John Deacon – Bas & Toetsen
  • Roger Taylor – Drums