Queen is in Ingelske rockband oprjochte yn 1970 yn Londen. De band brocht yn 1973 syn debútalbum Queen út. Queen hat fjirtjin studio-albums en tsien live-albums útbrocht.

Queen
band
Logo fan Queen
Logo fan Queen
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Britsk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Rock
bestean 1970 - No
label(s) EMI,
Parlophone
webside Offisjele webstee
âld-leden Freddie Mercury sang & toetsen (1970–1991) †
John Deacon bas & toetsen (1971–1997)
leden
Gitaar &
Toetsen
Brian May
Drums Roger Taylor
Queen-konsert yn Frankfurt, 1984

It iere begjin

bewurkje seksje

Yn 1968 besleaten Brian May en Tim Staffell, beide studint yn Londen, in groep te foarmjen. May hong in advertinsje op it kolleezjeprikboerd foar in type "Ginger Baker/Mitch Mitchell"-drummer. In studint toskhielkunde, mei de namme Roger Taylor, die audysje en krige it plak efter de drums. Se neamden de groep Smile. Yn 1969 tekenen se in kontrakt by platemaatskippij Mercury Records. Hjir diene se harren earste ûnderfining op yn in opnamestudio (Trident Studios), en krigen fan platelabel Mercury, de kâns in 7 ” single út te bringen. Dy waard allinnich yn Amearika útbrocht en troch de platemaatskippij net promoate. De trochbrek bleau út.

Yn 1970 besleat Smile om der de brui oan te jaan, want der like neat te barren foar de band. Bassist Staffell gie fuort en sleat him oan by in bân mei de namme Humpy Bong. Farrokh Bulsara gie by syn band Wreckage wei en sleat him oan by May en Taylor en it begjin wie dêr. Fia audysjes waard in Mike Grose de earste basgitarist fan Queen dy't in moanne bleau. Farrokh Bulsara feroare syn namme yn Freddie Mercury en stelde foar om ûnder de namme Queen fierder te gean, mei om 't dit moai paste by de nûmers White Queen en The March of the Black Queen dêr 't May en Mercury respektyflik mei dwaande wiene. John Deacon waard frege om audysje te dwaan as bassist nei fjouwer tydlike bassisten (ûnder oare Barry Mitchell). Yn febrewaris 1971 kaam Deacon as bassist by Queen.

In 1972 tekene Queen syn earste platekontrakt by it label EMI. En brocht yn 1973 harren earste album Queen út. Dit album mei de earste single Keep Yourself Alive smiet fuortendaliks al in beskieden sukses op, en gie de band foar it earst op toernee as foarprogramma fan de band Mott the Hoople. Nei dit toernee gie Queen wer de studio yn om it twadde studio-album op te nimmen. Op dit album mei de namme Queen II dat yn 1974 útkaam stie de earste echte hit fan Queen, de single Seven Seas of Rhye behelle yn Ingelân de top tsien fan de hitlisten. Yn novimber 1974 folge it tredde studio-album al, Sheer Heart Attack mei hjir op de single Killer Queen de trochbrek fan Queen op de Jeropeeske fêste wâl. Meardere grutte hits folgen wêrûnder Bohemian Rhapsody yn 1975 it nûmer stie wrâldwiid heech yn de hitlisten. Yn 1989 nei it útbringen fan it tolfde studio-album The Miracle kundige de band oan net mear sa wiidweidich op toernee te gean om't hja dêr te âld foar wiene. Mar yn werklikheid hie Mercury doe al sûnensproblemen. Yn 1991 kaam it tretjinde studio-album Innuendo beide albums mei teksten dy't al ferwiisden nei it siikwêzen fan Freddie Mercury. Yn in offisjeel parseberjocht dat op 23 novimber fan dat jier útbrocht waard, ferklearre de sjonger dat hy aids hie. Goed 28 oeren letter, op 24 novimber 1991 om 19.00 oere hinne, ferstoar Mercury oan in longûntstekking as gefolch fan aids.

Queen nei Freddie Mercury

bewurkje seksje

Op 20 april 1992 waard der in betinkingskonsert organisearre foar de ferstoarne sjonger. In ferskaat oan artysten en bands diene hjir oan mei, Elton John, Metallica, Seal, George Michael, David Bowie, Liza Minnelli en Guns N' Roses. Nei it konsert waard wurke oan harren alderlêste album, dat ûnder oare materiaal befette wat yn de lêste libbensmoannen fan Mercury opnommen waard. It waard yn 1995 útbrocht. Made yn Heaven wie in oade oan Mercury en befettet A winter's tale (it lêste liet dat Mercury noch skreaun hat), Mother Love (it lêste wat Mercury noch ynsongen hat flak foar syn dea) en oare nûmers.

Yn 1997 waard der noch in nûmer útbrocht, nammentlik No-One But You (Only The Good Dy Young ), wat in oade wie oan Mercury. Yn 1997 wie ek it lêste optreden dêr 't alle oerbleaune leden fan Queen mei-inoar op it poadium stiene. It wie de premjêre fan in foarstelling fan Béjart Ballet, dêr 't ek de muzyk fan Queen yn sintraal stie. Tegearre mei Elton John brochten se The Show Must Go On. Nei dit optreden, hat bassist John Deacon himsels weromlutsen út it iepenbiere libben en hat sûnt noch mar sporadysk kontakt mei Brian May, Roger Taylor en manager Jim Beach. Hy stapte yn 1997 út de band omdat er fynt dat Queen yn it sin brocht wurde moast sa't de band yn har heechtiidsdagen wie.

Hoewol't Queen lang ferline tiid like te wêzen, bleau de fraach nei de muzyk bestean. Nei oanlieding fan de wrâldwiid útfierde musical We will rock you, giene de oerbleaune bandleden op syk nei immen dy't it plak efter de mikrofoan ynnimme koe. Yn earsten kamen se út by Paul Rodgers sjonger fan de band Bad Company. Mei Rogers is oant 2009 toert en in studio-album opnaam, The Cosmos Rocks únder de namme Queen + Paul Rodgers.

Nei Paul Rodgers moast der wer socht wurde nei in sjonger, mei in grut berik. dizze sjonger waard by tafal fûn yn Adam Lambert in dielnimmer fan de telefyzje talintejacht American Idol de Amerikaanske ferzje fan it Nederlânske telefyzjeprogramma Idols. Yn novimber 2011 trede Adam Lambert foar it earst op mei de bandleden fan Queen. Op 2 oktober 2020 waard it album Live Around the World útbrocht, in kompilaasjealbum mei opnamen fan in greep út de 218 konserten dy't Queen + Adam Lambert oant dy tiid ta byinoar jûn hawwe.

Studio-albums

bewurkje seksje
Album Utbrocht op Label Single(s)
Queen 13 july 1973 EMI Keep Yourself Alive,
Liar
Queen II 8 maart 1974 Seven Seas of Rhye
Sheer Heart Attack 8 novimber 1974 Killer Queen,
Now I'm Here
A Night at the Opera 21 novimber 1975 Bohemian Rhapsody,
You're My Best Friend
A Day at the Races 10 desimber 1976 Somebody to Love,
Tie Your Mother Down,
Teo Torriatte (Let Us Cling Together),
Good Old-Fashioned Lover Boy,
Long Away
News of the World 28 oktober 1977 We Are the Champions,
Spread Your Wings,
It's Late
Jazz 10 novimber 1978 Bicycle Race,
Don't Stop Me Now,
Mustapha,
Jealousy
The Game 30 juny 1980 Crazy Little Thing Called Love,
Save Me,
Play the Game,
Another One Bites the Dust,
Need Your Loving Tonight
Hot Space 21 maaie 1982 Under Pressure (mei David Bowie),
Body Language,
Las Palabras de Amor,
Calling All Girls,
Staying Power,
Back Chat
The Works 27 febrewaris 1984 Radio Ga Ga,
I Want to Break Free,
It's a Hard Life,
Hammer to Fall
A Kind of Magic 2 juny 1986 One Vision,
Princes of the Universe,
A Kind of Magic,
One Year of Love,
Friends Will Be Friends,
Pain Is So Close to Pleasure,
Who Wants to Live Forever
The Miracle 22 maaie 1989 Parlophone I Want It All,
Breakthru,
The Invisible Man,
Scandal,
The Miracle
Innuendo 4 febrewaris 1991 Innuendo,
I'm Going Slightly Mad,
Headlong,
These Are the Days of Our Lives,
The Show Must Go On
Made in Heaven 6 novimber 1995 Heaven for Everyone,
A Winter's Tale,
Too Much Love Will Kill You,
I Was Born to Love You,
Let Me Live,
You Don't Fool Me
Album Utbrocht op Label
Live Killers 22 juny 1979 EMI
Live Magic 1 desimber 1986
At the Beeb 4 desimber 1989 Band of Joy
Live at Wembley '86 26 maaie 1992 Parlophone
Queen on Fire –
Live at the Bowl
4 novimber 2004
Queen Rock Montreal 29 oktober 2007
Hungarian Rhapsody:
Queen Live in Budapest
20 septimber 2012 Island
Live at the Rainbow '74 8 septimber 2014 Virgin
A Night at the Odeon –
Hammersmith 1975
20 novimber 2015
On Air 4 novimber 2016

Soundtrack-album

bewurkje seksje
Film Album Utbrocht op Label Singles
Flash Gordon Flash Gordon 8 desimber 1980 EMI Flash

Kompilaasje-albums

bewurkje seksje
Album Utbrocht op
Greatest Hits 26 oktober 1981
Greatest Hits II 28 oktober 1991
Classic Queen 10 maart 1992
The 12" Collection 1992
Queen Rocks 3 novimber 1997
Greatest Hits III 9 novimber 1999
Stone Cold Classics 11 april 2006
The A–Z of Queen,
Volume 1
10 july 2007
Absolute Greatest 16 novimber 2009
Deep Cuts,
Volume 1
(1973–1976)
14 maart 2011
Deep Cuts,
Volume 2
(1977–1982)
27 juny 2011
Deep Cuts,
Volume 3
(1984–1995)
5 septimber 2011
Icon 11 juny 2013
Queen Forever 10 novimber 2014
Bohemian Rhapsody:
The Original Soundtrack
19 oktober 2018
Greatest Hits in Japan 15 jannewaris 2020

Keppeling om utens

bewurkje seksje