Crazy Little Thing Called Love

Crazy Little Thing Called Love is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Queen yn juny–july 1979 en útbrocht op it album The Game fan Queen út 1980. Crazy Little Thing Called Love wie it fyfde nûmer op it album en waard op 12 oktober 1979 útbrocht as earste single fan it album.

Crazy Little Thing Called Love
algemiene ynformaasje
B-kant We Will Rock You (live)
artyst Queen
album The Game
taal Ingelsk
sjenre Rock and roll, rockabilly
útbrocht 12 oktober 1979
opnommen Musicland studio's
juny–july 1979
doer 2:42
label EMI
skriuwer Freddie Mercury
produsint Queen,
Reinhold Mack
fideoclip
Queen - Crazy Little Thing Called Love (Official Video)
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân Top 40 - 1,
flagge fan Nederlân Single top 100 - 1
flagge fan Belgje Ultratop 50 - 3
sertifisearre Grut-Brittanje platina,
Feriene Steaten platina

Oer it nûmer

bewurkje seksje

Crazy Little Thing Called Love is skreaun troch Freddie Mercury as earbetoan oan syn muzikale helden Elvis Presley en Sir Cliff Richard. Nei't hy Crazy Little Thing Called Love op gitaar skreaun hie en in akoestyske gitaar by de opnamen bespile hie, spile Mercury yn 1985 foar it earst gitaar by konserten fan Queen.

Oer de fideoclip

bewurkje seksje

De fideoclip foar it nûmer waard filme yn de Trillion Studios op 21 septimber 1979 en regissearre troch Dennis De Vallance, in klip weryn njonken de band ek noch fjouwer dûnsers te sjen binne dy't mei Mercury rûn in motor dûnsje, en letter dûnsje hja oer in catwalk dêr't hannen út omheech stekke.

  • Freddie Mercury – Sang en Akoestyske gitaar
  • Brian May – Gitaar
  • John Deacon – Bas
  • Roger Taylor – Drums