I Want It All (liet fan Queen)

I Want It All is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Queen yn 1988 en útbrocht op it album The Miracle fan Queen út 1989. I Want It All wie it fjirde nûmer op it album en waard op 2 maaie 1989 útbrocht as earste single fan it album.

I Want It All
algemiene ynformaasje
B-kant Hang on in There
artyst Queen
album [The Miracle
taal Ingelsk
sjenre Hardrock
útbrocht 2 maaie 1989
opnommen 1988
doer 4:41 album,
4:01 single
label Parlophone
skriuwer Brian May
produsint Queen en David Richards
fideoclip
Queen - I Want It All (Official Video)
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân Top 40 - 2,
flagge fan Nederlân Single top 100 - 2,
flagge fan Belgje Ultratop 50 - 10

Oer it nûmer

bewurkje seksje

I Want It All waard skreaun troch Brian May en giet oer it hawwen fan ambysjes en it fjochtsjen foar dyn eigen doelen. Yn de fideoclip is te sjen hoe't de band optreedt yn in studio. It waard regissearre troch David Mallet en filme yn de Elstree Studios, Hertfordshire yn maart 1989. Freddie Mercury's sûnens wie al tige min doe't de opnamen fan de fideo plakhiene, en Mercury trede yn de fideo op mei alle enerzjy dy't er noch hie.

  • Freddie Mercury – Sang
  • Brian May – Gitaar
  • John Deacon – Bas & Toetsen
  • Roger Taylor – Drums