Somebody to Love (liet fan Queen)

Somebody to Love is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Queen yn 1976 en útbrocht op it album A Day at the Races fan Queen út 1976. Somebody to Love wie it sechsde nûmer op it album en waard op 19 novimber 1976 útbrocht as earste single fan it album.

Somebody to Love
algemiene ynformaasje
B-kant White Man
artyst Queen
album A Day at the Races
taal Ingelsk
sjenre Hardrock
útbrocht 19 novimber 1976
opnommen 1976
doer 4:56
label EMI
skriuwer Freddie Mercury
produsint Queen
fideoclip
Queen - Somebody To Love (Official Video)
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân Top 40 - 1,
flagge fan Nederlân Single top 100 - 1
flagge fan Belgje Ultratop 50 - 2
sertifisearre Itaalje platina,
Grut-Brittanje platina,
Feriene Steaten 2x platina

Oer it nûmer

bewurkje seksje

Somebody to Love hat krekt as Bohemian Rhapsody, de grutte hit fan Queen's foarige album A Night at the Opera (1975), in komplekse melody en oerlaapjende stimmen. Mar wylst Bohemian Rhapsody basearre wie op Ingelske koarstilen, is Somebody to Love basearre op in gospelkoar arranzjemint. It wie de earste single fan A Day at the Races, dêr't Mercury, May en Taylor har stimmen oerlapen om in gospelkoar fan in 100 stimmen nei te meitsjen. Somebody to Love is in leafdesliet dêr't gefoel fan ynspirearre is troch sjongeres Aretha Franklin.

Oer de fideoclip

bewurkje seksje

Der waard in fideoclip makke dêr 't in ensenearre opnamesesje yn de Sarm Studios (dêr 't it album A Day at the Races ûnder oare opnommen is) en filmopnamen fan it optreden fan de band yn Hyde Park yn septimber 1976 kombinearre waarden.

George Micheal mei Queen ferzje

bewurkje seksje
Somebody to Love
algemiene ynformaasje
B-kant Dear Friends
artyst George Michael mei Queen
album EP: Five Live
taal Ingelsk
sjenre Hardrock
útbrocht 6 maaie 1993
opnommen betinkingskonsert Freddie Murcery
20 april 1992
doer 5:17
label Parlophone
skriuwer Freddie Mercury
produsint Queen, George Michael
fideoclip
Queen & George Michael - Somebody To Love (Freddie Mercury Tribute Concert)
resultaten
hitlisten   Top 40 - 5,
  Single top 100 - 6
  Ultratop 50 - 8
sertifisearre   Grut-Brittanje sulver

Oer it nûmer

bewurkje seksje

George Michael spile it nûmer mei de oerbleaune leden fan Queen by it betinkingskonsert foar Freddie Murcery yn april 1992. De cover berikte de nûmer 1 plak yn de UK Chart yn it Feriene Keninkryk en bleau dêr trije wiken lang stean, yn Nederlân kaam it nûmer net fjirder as in fyfde plak yn de top 40. It nûmer waard opnaam as it earste nûmer op de EP Five Live fan George Michael út 1993, taskreaun oan George Michael en Queen.