John Deacon
John Richard Deacon (Leicester, 19 augustus 1951) is in Ingelsk bassist. Hy is bekend as de bassist fan Queen. Deacon en syn mei-bandleden fan Queen waarden yn 2001 opnaam yn de Rock and Roll Hall of Fame.
John Deacon | ||
sjonger en/of muzikant | ||
John Deacon yn 1977 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | John Richard Deacon | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 19 augustus 1951 | |
berteplak | Leicester | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurkpaad | ||
sjenre | Rock, Hardrock | |
ynstrumint | Basgitaar | |
grutste hit(s) | Bohemian Rhapsody, Somebody to Love, We Will Rock You, We Are the Champions, Crazy Little Thing Called Love, Under Pressure, Radio Ga Ga, I Want to Break Free | |
jierren aktyf | 1965–1997 |
Karriêre
bewurkje seksjeDeacon begûn as tolve jierrige mei gitaarspyljen. Deacon studearre elektroanika yn Londen. Hy hie fan syn fjirtjinde ôf al by in pear lytse bands sitten, lykas The Opposition en syn eigen bandsje Deacon. Hy spile earst gitaar, mar bespile úteinlik foaral de basgitaar om't de oarspronklike bassist út syn band set waard. Hoewol't er him fan 1969 oant 1970 in skoft fokust hat op syn stúdzje, woe er al gau wer diel wêze fan in band. Yn febrewaris 1971 moete hy Roger Taylor en Brian May yn in disko yn Londen fia in freon. Freddie Mercury, Taylor en May hiene yn 1970 al de band Queen foarme, en hja sieten destiids sûnder bassist. Deacon wie ynearsten net ynteressearre doe't er se live seach yn oktober 1970, mar besleat nei de moeting yn febrewaris 1971 dochs audysje by de band te dwaan en waard oannaam. John Deacon bleau nei it ferstjerren fan sjonger Freddie Mercury yn 1991 noch in skoft by Queen, tegearre mei Brian May en Roger Taylor. Mar yn 1997 hat bassist John Deacon himsels weromlutsen út it iepenbiere libben en hat sûnt noch mar sporadysk kontakt mei Brian May, Roger Taylor en manager Jim Beach. Hy stapte yn 1997 út de band omdat er fynt dat Queen yn it sin brocht wurde moast sa't de band yn har heechtiidsdagen wie.
Priveelibben
bewurkje seksjeDeacon is sûnt 1975 boaske mei Veronica Tetzlaff, en tegearre hawwe sy seis bern.