Tie Your Mother Down
Tie Your Mother Down is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Queen yn 1976 en útbrocht op it album A Day at the Races fan Queen út 1976. Tie Your Mother Down wie it earste nûmer op it album en waard op 4 maart 1977 útbrocht as twadde single fan it album.
Tie Your Mother Down | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | You and I | |
artyst | Queen | |
album | A Day at the Races | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Hardrock | |
útbrocht | 4 maart 1977 | |
opnommen | 1976 | |
doer | 4:48 album 3:45 single | |
label | EMI | |
skriuwer | Brian May | |
produsint | Queen | |
fideoclip | ||
Queen - Tie Your Mother Down (Official Video) | ||
resultaten | ||
hitlisten | Top 40 - 14, Single top 100 - 10 Ultratop 50 - 18 |
Oer it nûmer
bewurkje seksjeBrian May begûn it nûmer te skriuwen op Teneryf, wylst er wurke oan syn proefskrift foar de stúdzje stjerrekunde. Hy komponearre de riff op in Spaanske gitaar en waard op in moarn wekker en spile it wylst er Tie Your Mother Down song, in sin dy 't er as grap beskôge. Sjonger Freddie Mercury moedige him oan om de tekst oan te hâlden.
Oer de fideoclip
bewurkje seksjeDe fideoclip foar it nûmer is regissearre troch Bruce Gowers en toant bylden dy 't opnommen waarden yn it Nassau Coliseum yn Long Island, New York, yn febrewaris 1977 by de Amerikaanske stadion-toernee fan de band.
Muzikanten
bewurkje seksje- Freddie Mercury – Sang
- Brian May – Gitaar
- John Deacon – Bas
- Roger Taylor – Drums