A Kind of Magic (liet)
A Kind of Magic is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Queen tusken septimber 1985 en jannewaris 1986 en útbrocht op it album A Kind of Magic fan Queen út 1986. A Kind of Magic wie it twadde nûmer op it album en waard op 17 maart 1986 útbrocht as tredde single fan it album.
A Kind of Magic | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | A Dozen Red Roses for My Darling | |
artyst | Queen | |
album | A Kind of Magic | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Rock | |
útbrocht | 17 maart 1986 | |
opnommen | septimber 1985 – jannewaris 1986 | |
doer | 4:23 | |
label | EMI | |
skriuwer | Roger Taylor | |
produsint | Queen en Reinhold Mack | |
fideoclip | ||
Queen - A Kind of Magic (Official Video Remastered) | ||
resultaten | ||
hitlisten | Single top 100 - 4 | |
sertifisearre | Brazylje platina |
Oer it nûmer
bewurkje seksjeA Kind of Magic waard skreaun troch Roger Taylor as soundtrack foar de Britske film Highlander út 1986 en is yn dy film te hearen as ôfslutend nûmer.
Oer de fideoclip
bewurkje seksjeDe fideoclip foar dit nûmer waard regissearre troch Russell Mulcahy, regisseur van Highlander. Yn de fideo is Freddie Mercury te sjen as in gûcheler. Hy giet it ferlitten Playhouse Theatre yn Londen binnen dêr't Brian May, Taylor en John Deacon yn de rol fan swalkers sliepe oant se wekker makke wurde troch Mercury's komst. Mercury transformearret de swalkers yn de Queen-leden, en wer werom yn swalkers as er fuortgiet. Troch de hiele fideo hinne dûnsje cartoons produsearre troch The Walt Disney Company op it ritme fan it nûmer.
Muzikanten
bewurkje seksje- Freddie Mercury – Sang
- Brian May – Gitaar
- John Deacon – Bas & Toetsen
- Roger Taylor – Drums