The Invisible Man (liet fan Queen)

The Invisible Man is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Queen yn 1988 en útbrocht op it album The Miracle fan Queen út 1989. The Invisible Man wie it fiifde nûmer op it album en waard op 7 augustus 1989 útbrocht as tredde single fan it album.

The Invisible Man
algemiene ynformaasje
B-kant Hijack My Heart
artyst Queen
album The Miracle
taal Ingelsk
sjenre Rock
útbrocht 7 augustus 1989
opnommen 1988
doer 3:57
label Parlophone
skriuwer Roger Taylor
produsint Queen en David Richards
fideoclip
Queen - The Invisible Man (Official Video)
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân Top 40 - 4,
flagge fan Nederlân Single top 100 - 6,
flagge fan Belgje Ultratop 50 - 13

Oer it nûmer

bewurkje seksje

The Invisible Man waard skreaun troch Roger Taylor. De nammen fan de bandleden sitte yn de tekst ferwurke, Freddie Mercury wurdt oankundige flak foar it earste kûplet, John Deacon flak foar it twadde kûplet. Brian May wurd sels 2 kear neamd by syn gitaarsolo en Roger Taylor (mei in rôljende R om it op tromgeroffel lykje te litten) op de ein fan it nûmer.

Oer de fideoclip

bewurkje seksje

De fideoklip is foarmjûn as in kompjûterspultsje. In lyts jonkje spilet in kompjûterspultsje dêr't de bandleden de rol fan smjunten spylje. Sy stappe út it spul de echte wrâld yn, dêr't de jonge har besiket del te sjitten mei syn joystick

  • Freddie Mercury – Sang
  • Brian May – Gitaar
  • John Deacon – Bas & Toetsen
  • Roger Taylor – Drums