The Show Must Go On
The Show Must Go On is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Queen yn 1990 en útbrocht waard op it album Innuendo fan Queen út 1991. The Show Must Go On wie it tolfde nûmer op it album en waard yn Jeropa op 14 oktober 1991 útbrocht as fjirde single fan it album; goed oardel moanne foar it ferstjerren fan sjonger Freddie Mercury.
The Show Must Go On | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | Keep Yourself Alive | |
artyst | Queen | |
album | Innuendo | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Hardrock | |
útbrocht | 14 oktober 1991 | |
opnommen | Mountain studios, 1990 | |
doer | 4:31 | |
label | Parlophone | |
skriuwer | Brian May | |
produsint | Queen en David Richards | |
fideoclip | ||
Queen - The Show Must Go On (Official Video) | ||
resultaten | ||
hitlisten | Top 40 - 7, Single top 100 - 6, Ultratop 50 - 22 | |
sertifisearre | Itaalje platina |
Oer it nûmer
bewurkje seksjeThe Show Must Go On waard skreaun troch Brian May. It nûmer beskriuwt de ynspanning fan frontman Freddie Mercury om optreden te bliuwen, nettsjinsteande dat er troch syn sykte hieltyd fierder efterút gie.
Oer de fideoclip
bewurkje seksjeFanwege de sichtber fermindere sûnens fan Freddie Mercury waarden der gjin nije bylden fan de sjonger opnommen. De muzykfideo bestie yn stee dêrfan út in montaazje fan klips fan Queen's eardere muzykfideo's fan 1981 oant 1991, as in foarboade fan it útbringen fan it Greatest Hits I, it kompilaasje-album fan de band út dy perioade.
Muzikanten
bewurkje seksje- Freddie Mercury – Sang
- Brian May – Gitaar
- John Deacon – Bas & Toetsen
- Roger Taylor – Drums