Brengun
De Bren LMG of Brengun, wie in Britsk folautomatyske, luchtkuolle, lichte mitrailleur, yntrodusearre yn 1938. It fjoerwapen waard fan 1938 oant 1958 brûkt troch it Britske leger en wie it foarnaamste lichte masinegewear fan it Mienebest yn de Twadde Wrâldoarloch. It wapen waard ek brûkt yn de Koreaanske Oarloch en die tsjinst yn de twadde helte fan de 20e iuw, ynklusyf de Falklânoarloch fan 1982.
De Bren LMG ûnderskiede him fan oare wapens trochdat de patroanhâlder boppe op it wapen siet. In standert patroanhâlder (magazyn) foar in Bren LMG koe maksimaal 30 patroanen kaliber .303 British (7,7 x 56 R) befetsje. Yn de praktyk waard de patroanhâlder mei net mear as 28 patroanen folle. Der wie, foar gebrûk op weinen, ek in trommelmagazyn mei in kapasiteit fan 100 patroanen. De Bren LMG wie 633 mm lang en woech 10,35 kg.
De namme waard ôflaat fan it Tsjechyske wapenfabryk Brno, dêr't it wapen ûntwikkele wie en it Ingelske wapenfabryk yn Enfield, dêr't it wapen yn lisinsje makke waard.