De Broekster Feart is in feart yn de gemeente Dantumadiel. It wetter rint eastlik fan Broeksterwâld en komt út yn de Falomster Feart.

In broek is in troch wetter "brutsen" lân, fergelykber mei brekken. Yn De Broek by De Jouwer rint bygelyks de Noardbroekster Feart.

De namme Broekster Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Broekstervaart.