Brouwerij 84, oprjochte yn 2019, is in brouwerijhierder en is ûnderdiel fan Pub '84 yn Wolvegea. Eigner Guido Niehaus, berne yn 1984, is eigner fan dizze pub, dy't yn 1984 begûn is.

Begjin 2018 wurdt der troch Guido in Easybrew 30 oanskaft om bier te brouwen. Al gau is der in winsk om in eigen bier op de merk te bringen. Nei in tal dryste proefbrousels, lykas in Russan Imperial Stout mei klearebare drop en in American Pale Ale mei drûge ferbena en kardemon, waard it tiid foar in kommersjeel bier. It earste bier is de Vlierbloesem IPA, in bier dêr't by it dry-hopping protterbeieblossem oan tafoege wurdt.

Harren bieren wurde broud by Het BrouwDOK yn Harns.

  • Vlierbloesem IPA
  • Vlierbloesem NEIPA

Keppeling om utens

bewurkje seksje