Brouwerij Bjuster

Brouwerij Bjuster is in bierbrouwerij yn it sintrum fan Grou mei in kapasiteit fan 1550 hektoliter op jierbasis. Brouwmaster en bierkarmaster Auke van der Veen broude al 35 jier foar himsels en yn opdracht fan tredden.

De brouwerij waard yn 2018 oprjochte mei de winsk in eigen bierke oan de gasten fan in noch te meitsjen hoarekagelegenheid foar te setten. Yn it begjin waard der wykliks broud yn de brouynstallaasje fan 300 liter en wiene der trije fergistingstanks. Letter waard it tal fergistingstanken útwreide, sadat der faker brouwen wurde koe.

Yn 2020 waard ynvestearre yn in folslein nije brouynstallaasje, gisttanks en in bottelmasine. Mei dy útwreiding is de broukapasiteit ferhege nei 800 liter per batch en beskikt de brouwerij oer 12 x 800 liter en 6 x 600 liter fermintaasjetanks.

Njonken it útwreide eigen assortimint wurdt der ek broud foar tredden, sa as kafees en restaurants en kin der yn opdracht bier fan eigen resepten makke wurde.

  • Bjuster Radler 10.0
  • Bjuster Quadrupel
  • Bjuster Russian Imperial Stout
  • Bjuster Winter
  • Bjuster Lentebock
  • Bjuster Herfstbock
  • Bjuster Passie Weizen
  • Bjuster Tripel
  • Bjuster Saison
  • Bjuster Dubbel
  • Bjuster Wit
  • Bjuster Weizen
  • Bjuster Dortmunder
  • Bjuster IPA
  • Bjuster Porter
  • Bjuster Session IPA
  • Bjuster BlondBieren yn opdracht
  • Punkrock Mixtape #1 foar JP Brouwt
  • The Breewer Tripel foar Mitra Breeuwsma yn Fryslân

Keppeling om utens

bewurkje seksje