JP Brouwt is in bierbrouwerij yn Easterwâlde oprjochte yn 2023 troch Jelmer Pultrum.

Jelmer Pultrum begûn yn 2014 út leafhawwerij te brouwen en sûnt 2017 wie er mei-eigener, brouwer en foarmjouwer fan brouwerij Diggelfjoer. Yn 2023 is er foar himsels begûn, mei it idee om bieren foar ien kear te meitsjen, wêrfan't er de resepten jierren lyn al ûntwikkele hie.

It earste bier Rogge Tripel, dat yn maart 2023 makke is, is broud by Admiraals Bierbrouwerij.

It twadde bier, de Punkrock Mixtape #1, is broud by Brouwerij Bjuster yn Grou.

  • Rogge Tripel
  • Rogge Tripel bourbon barrel aged
  • Rogge Tripel Jamaica rum barrel aged
  • Punrock Mixtape #1 - blond bier mei sinesapelskyl
  • What the Duck - sterk blûn bier
  • Het Einde is Nabij - tripel
  • Wit IPA

Broud yn opdracht

  • Bospub Tripel - broud foar Bospub De Boerdennen yn Dwingelo

Keppeling om utens

bewurkje seksje