Brownsville (Teksas)

stêd yn Teksas

Brownsville is in stêd yn 'e Delling fan de Rio Grande yn 'e súdlike Amerikaanske steat Teksas. It is it haadplak fan Cameron County, en leit yn it uterste súdlike puntsje fan Teksas, oan 'e noardoere fan 'e Rio Grande, rjocht foar it Meksikaanske Matamoros oer, fuortby (mar net oan) de seekust fan 'e Golf fan Meksiko. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Brownsville doe goed 180.000 ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de sechstjinde stêd fan Teksas is. Mei alle foarstêden derby, wêrûnder Harlingen, hie it as stêdekloft neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 in befolking fan sa'n 385.000 minsken. As Matamoros en omkriten dêr ek noch byrekkene wurde, hat de ynternasjonale agglomeraasje dêr't Brownsville ta heart rom 1.135.000 ynwenners.

Brownsville
Emblemen
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Teksas
County Cameron County
Sifers
Ynwennertal 180.097 (2012)
Oerflak 382 km² (ynkl. wetter)
375 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 458,2 / km²
Stêdekloft 385.511 (2010)
Hichte 10 m
Oar
Stifting 1848
Tiidsône UTC -6
Simmertiid UTC -5
Koördinaten 25°55′49″N 97°29′04″W
Offisjele webside
www.cob.us
Kaart
De lizzing fan Brownsville yn Cameron County en yn 'e steat Teksas.

Yn 1836 focht Teksas him frij fan Meksiko, wêrnei't it tsien jier lang in ûnôfhinklik lân wie, sij it ien dêr't Meksiko de selsstannigens net fan erkende. Yn 1845 waard it as in steat op nommen yn 'e Feriene Steaten, wat de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch (1845-1848) ta gefolch hie. Fuort nei't Teksas yn Amerikaanske hannen kommen wie, waard der yn 1845 op it plak dêr't Brownsville no leit in fort oanlein oan 'e Rio Grande, fuort benoarden de Meksikaanske grins.

 
De Slach by Palo Alto, op 8 maaie 1846.

Ear't dat ree kaam, waard it lykwols al oanfallen en belegere troch de Meksikanen. Dat barren kaam bekend te stean as it Belis fan Fort Teksas, al is dy namme nei alle gedachten letter betocht, mei't der gjin kontemporêne boarnen binne dy't "Fort Teksas" neame. Hoe dan ek, in Amerikaanske legermacht ûnder generaal Zachary Taylor, de lettere presidint, teach op om it fort te ûntsetten, mar rûn ûnderweis yn in Meksikaanske mûklaach, wat yn 'e Slach by Palo Alto, de earste fjildslach fan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, resultearre (op in plak dat no binnen de beboude kom fan Brownsville leit). Doe't Taylor, nei't er de Meksikanen ferslein hie, by it fort oankaam, die bliken dat dêr by it belis twa deaden fallen wiene, wêrûnder majoar Jacob Brown, de fortkommandant. Om dyselde te earjen, neamde Taylor it fort om ta Fort Brown.

Ein 1848 waard der yn 'e neite fan Fort Brown troch Charles Stillman in delsetting stifte, dy't nei it fort Brownsville kaam te hjitten. Yn jannewaris 1849 waard dat ta it haadplak fan it omlizzende Cameron County makke. In jier letter, yn jannewaris 1850, krige Brownsville offisjeel de status fan stêd. Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) ûntjoech Brownsville him ta in wichtich trochfierplak foar katoen en oar guod dat yn it ôfskate Suden produsearre waard. Om 'e Noardlike kustblokkade letterlik te omsilen waard dat útfierd nei Meksiko, dêr't it yn 'e nei-oan leine havenstêd Bagdad trochferhannele waard oan Jeropeeske keaplju. Yn novimber 1863 lânen Noardlike troepen yn Port Isabel, om 'e útfier fia Brownsville tsjin te kearen. Yn 'e dêropfolgjende Slach om Brownsville moasten de Súdliken belies jaan, mar foar't se har weromloeken, bliezen se Fort Brown op. Yn 1864 waard Brownsville troch de Súdliken werovere, en op 15 maaie 1865, in moanne nei't fier fuort yn Firginia de Súdliken de oerjefte tekene hiene, waard der by Brownsville, dêr't it nijs dat de oarloch oer wie noch net trochkrongen wie, noch de Slach by Palmito Ranch útfochten, dy't troch de Súdliken wûn waard.

 
De Tsjerke fan 'e Unbesmodzge Untfinzenis.

Yn 1906 fûn de saneamde Brownsville-affêre plak, wêrby't swarte ynfanteristen dy't yn Fort Brown legere wiene, derfan beskuldige waarden twa blanke stedsjers deasketten te hawwen. Sûnder dat er de saak ûndersykje litten hie, liet presidint Theodore Roosevelt it hiele swarte rezjimint fan 167 man ûnearfol út it leger ûntslaan, om't se gearspand hawwe soene om 'e dieder of dieders te beskermjen. Doe't yn santiger jierren ûndersyk nei de saak dien waard, kaam oan it ljocht dat de swarte soldaten alhiel gjin blaam trof, en de regearing-Nixon draaide dêrop de ûnearfolle ûntslaggen werom.

Brownsville hjoed de dei

bewurkje seksje

Tsjintwurdich is Brownsville ien fan 'e fluchst groeiende stêden fan 'e Feriene Steaten. De pleatslike ekonomy stipet foar in wichtich part op 'e stielyndustry, en dêrnjonken ek fral op 'e ynternasjonale hannel, nammentlik mei Meksiko, fia de trije brêgen oer de Rio Grande dy't Brownsville mei it buorlân ferbine. Ek de haven fan Brownsville is tige wichtich foar hannel en trochfier. De stêd hat in protte baat hân fan 'e NAFTA, de yn 1994 sletten frijhannelsoerienkomst tusken de Feriene Steaten, Meksiko en Kanada.

 
It âlde gerjochtsgebou fan Cameron County.
 
It âlde spoarstasjon fan Brownsville, dêr't no it Histoaryske Museum fan Brownsville fêstige is.

Kwa loftferfier wurdt Brownsville tsjinne troch de Ynternasjonale Lofthaven Brownsville/South Padre Island. Wat toerisme en ferdivedaasje oangeane, hat de stêd it Brownsville Museum of Fine Art, in keunstmuseum; de Gladys Porter Zoo, de pleatslike dieretún; en de histoaryske binnenstêd (d.w.s. "histoarysk" foar Amerikaanske begripen), mei gebouwen dy't wol 150 jier âld binne.

Op it mêd fan heger ûnderwiis binne der trije ynstellings yn 'e stêd fêstige. De wichtichste en grutste is de Universiteit fan Teksas te Brownsville, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e gruttere Universiteit fan Teksas, en dy't sûnt 1991 bestiet. Folle âlder, mar ek folle lytser is it Súdlikste Kolleezje fan Teksas (Texas Southmost College), dat yn 1926 stifte waard. En fierders is der dan noch de Regionale Kampus fan Brownsville fan 'e University of Texas Health Science Center at Houston, dy't oprjochte waard yn 2001, en him taleit op opliedings yn 'e sûnenssoarch.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Brownsville 9,5% âlder as 65 jier en 34,6% jonger as 18 jier. Fierders bestie 15,7% fan 'e húshâldings út ien persoan. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 93,2% Latino's; 5,7% blanken; 0,7% Aziaten; 0,4% swarten.

Berne yn Brownsville

bewurkje seksje

Brownsville hat in fochtich subtropysk klimaat, dat grinzget oan in steppeklimaat. Yn augustus, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 34,7 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 21,4 °C. Rekôrtemperatueren wiene 41 °C op 27 maart 1984 en –11 °C op 13 febrewaris 1899. Brownsville kriget jiers trochinoar 696,2 mm delslach. Snie falt der mar selden, mar komt wol foar; op 25 desimber 2004 foel der yn ien kear 3,8 sm (wat de earste mjitbere hoemannichte snie yn 109 jier wie).

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.