Bruno fan Saksen
Bruno (± 830/840 - 2 febrewaris 880) út de famylje fan de Liudolfingen, wie de soan fan de Saksyske greve Liudolf en Oda (Billung). Hy wurdt sjoen as stamheit fan de Brunoanen/Ottoanen.
Om't syn heit de titel dux orientalis Saxonum (Hartoch fan de East-Saksen) hie, jildt foar him de oantsjutting dux totius Saxonum, sa't er as earste hartoch fan Saksen jildt. Hy foel yn it jier 880 yn in gefjocht mei de Wytsingen.
Syn opfolger wie syn broer Otto de Ferljochte.