Bryan Ferry
Bryan Ferry (Washington, Tyne and Wear, 26 septimber 1945) is in Britsk musikus. Hy waard bekend as sjonger en songwriter yn de rockband Roxy Music, en hie dêrnei súkses mei syn solokarriêre.
Ferry komt út in arbeidershûshâlding. Nei de middelbere skoalle studearre er talen oan de Universiteit fan Newcastle upon Tyne, mar neifolgjend joech er pottebakkursussen yn Londen. Tagelyk wie dwaande mei muzyk. Yn 1971 rjochte er mei Brian Eno en Graham Simpson de band Roxy Music op, dy't tige populêr waard. It nûmer 'Jealous Guy', dat troch earder John Lennon skreaun wie, hearde ta de grutste súksessen fan de band. Wilens hie Ferry ek noch in súksesfolle solokarriêre.
Bryan Ferry foel ek tige yn de smaak by de froulju. Hy hie ûnder oaren in relaasje mei de modellen Amanda Lear en Jerry Hall, en mei de aktiviste Lucy Helmore, mei wa't er fjouwer soannen krige.
Doe't Roxy Music yn 1983 ophold te bestean, lei Ferry him hielendal ta op syn solokarriêre; hy waard dêrby stipe troch âld-bandlid Paul Thompson. Hy song nûmers fan Roxy Music, klassikers út de jierren tritich en in tal nije nûmers.
Yn 2001 waard in Roxy Music-reüny organisearre mei Ferry, Thompson, Phil Manzanera en Andy Mackay en folgen konserten, sa as yn juny 2005 yn Berlyn by Live 8. Ferry bleau lykwols ek solo muzyk meitsjen. Yn 2004 makke er bygelyks de titelsong foar de film The Porter, dêr't er sels ek yn meispile. Yn 2007 ferskynde syn album Dylanesque, in langspylplaat fol mei Bob Dylan-covers.
Yn 2019 waard Ferry as lid fan Roxy Music yn de Rock and Roll Hall of Fame opnaam.
Diskografy
bewurkje seksjeKeppelings om utens
bewurkje seksje- Offisjeel webstee ((in) )
- Roxyrama - The Bryan Ferry and Roxy Music Archive ((in) )