Bumastate (Sweagerfean)

Buma State III ek: Buma op 't Veen lei op Sweagerfean te Westergeast. Oer it ûntstean is neat bekend, en der is likemin eat fan werom te finen.

Nijsgjirrich is de lizzing fan it Hanecrooth-besit mear súdlik, op Sweagerfean ûnder Westergeast. Al yn 1543 lei der Buma-grûnbesit op it Fean: sprake is dan fan de heert van Sye Buwama op't Ffeen, dar wont Buma. In 1698 wennet Willem Maurits fan Hanecrooth mei in stimmende sate zijnde op't Veen gelegen (SC49/FC16). De ferlieding is grut te ûnderstellen dat ek dizze sate fan de Buma's west hat, en faaks de heerd op't Ffeen fan 1543 wie. Opmerklik is dat de neamde sate en landen gelegen op't Veen (FC16/SC49) presys yn de opstrek leinen fan Bunlatiro en de ûnderstelde Buma-goederen op de Triemen (FC47 en FC48). Yn 1748 waard dizze sate op it Fean tegearre mei de oare Hanecrooth-goederen ferkocht.

Grif wjerspegelt him yn dizze efter elkoar lizzende Buma-goederen in âlde ûntginningsline fan de Triemen it Sweagerfean yn. De situaasje soe dan fergelykber wêze mei de goederen Onnema, Buttema en Donia te Dantumawâld, dy't yn ien ûntginningsline leinen, de goederen fan de Broersma's by Smelbrêge, wêrfan men him yn de 16e iuw wist dat dy eastwerts nei de Diken opstrekten, en de posysjes fan de Andringa's en Oenema's yn Akkrum en Terkaple, dy't ek yn elkoars ferlingde lizze.

  • 1151 De Idema-prebende krige jierliks in skyld út dizze heerd. BB, 235.
  • 1152 In 1748 besloech it Hanecrooth-besit neist Bumastate yn Westergeast, it hûs Bunlatiro en in lytse sate op de Triemen noch twa sates op Sweagerfean. Vries, "Bommelatijer", 2de ôflevering.
  • 1153 SC49 wie yn 1640 eigendom fan Geertjen Botes c.s. Hja wie in sib fan Bote Luitjens, dy't om 1600 Buma-goederen kocht.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • P.N. Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009