Sweagerfean
Sweagerfean is in earder doarp ûnder Westergeast yn it westen fan de gemeente Kollumerlân en is no part fan Kollumersweach. Yn 1971 waard it krekt as de buorskip Sânbulten by Kollumersweach foege. De namme komt ek foar as Zwagerveen.
It plak is neamd nei it fean fan Kollumersweach. It doarp hie yn de fyftiger jierren in grifformearde tsjerke, in kristlike beukerskoalle, in kristlik nasjonale skoalle en in wykgebou fan it Griene Krús mei âldereinwenten.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBefolking
bewurkje seksje- 1954 : 354
- 1957 : 916? (Faaks 316.)
- 1959 : 315
- 1964 : 282
- 1969 : 228
- 1974 : 196
De Encyclopedie van Friesland joech yn 1958 oan dat Sweagerfean yn 1957 in tal fan 916 ynwenners hie. Lykwols past dat net by de andere ynwennertallen dy't hjir oanjûn binne. Of it is in gâns oare telling, of faaks hat 916 in skriuwflater west foar 316.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|