Griene Krús
It Griene Krús (GK) wie in neutrale lanlike feriening foar wykferpleging yn Nederlân.
De âldste feriening fan it Griene Krús wie dy yn Driebruggen, dy't op 3 novimber 1900 oprjochte waard yn de doetiidske gemeente Lange Ruige Weide (Driebruggen) troch de hûsdokter Wilhelm Poolman (1866-1935).
Poolman pleite yn septimber 1900 by in gearkomste fan de ôfdieling Woerden fan de Keninklike Nederlânske Maatskippij ta befoardering fan de Genêskeunst foar de oprjochting fan in feriening foar it fersoargjen en ferplegen fan siken, de soarch foar mem en bern om de berte hinne en it ferbetterjen fan hygiëne (kursussen) yn de ferskillende wenplakken, likefolle de godstsjinstige libbensbeskôging fan de leden. De Kamerikse dokter Van Deinse stelde út om de feriening yn Utert en Súd-Hollân de namme "It Griene Krús" te jaan. De kleur ferwiisde nei de "hûskleur" fan de medyske fakulteit fan de Universiteit. De feriening wreide him doe oer hiel Nederlân út.
De earste Fryske GK-feriening wie dy fan Easterein yn 1901 en wie meast it wurk fan P. de Vries Jsn.. Yn 1911 wienen der al 100 yn Fryslân. Sûnt 1902 wie der in provinsjale Fryske feriening, dy't ferskate buro's foar TBC- en reumatykbestriding hie. De wat gruttere doarpen hienen in GK-gebou dêr't de wyksuster siet, it magasyn foar ferpleechark wie en it konsultaasjeburo foar poppen en beukers holden waard. Ryk, provinsje en gemeenten stipen it Griene Krúswurk.
It Griene Krús fusearre yn 1978 mei it Oranje-Griene Krús (protestantske krúsferiening) en it Wyt-Giele Krús (katolike krúsferiening) en waard de Nasjonale Krúsferiening (NK).
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Groene Kruis. |