Fryske Krúsferiening

De Provinsjale Fryske Krúsferiening is in yntegraasje fan trije Fryske krúsferienings, dy't ta stân kaam op 1 jannewaris 1973: It Griene Krús (algemien), It Wyt-Giele Krús (roomsk-katolyk) en It Oranje-Griene Krús (protestantsk-kristlik).

Benammen It Griene Krús hat yn Fryslân hiel wat út de wei set oangeande previnsje en bestriding fan folkssykten as tuberkuloaze, reuma, kanker en geslachtssykten en by de befoardering fan de sûnens troch ûnder mear swangerskipsbegelieding, soarch om it memwêzen hinne, bernehygiëne en geastlike sûnenssoarch. De 122 pleatslike ferienings, ferspraat oer de hiele provinsje, hienen mei elkoar 125.232 leden (1973). Mei ûnder tafersjoch fan de PFK is yn 1973 in foarljochtingskampanje hâlden oer de mûlehygiëne.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: