Bunkermuseum Schlei

Bunkermuseum Schlei, oprjochte yn 2009, is ûnderbrocht yn in bunker út 1943 op Skiermûntseach. De bunker fan it type Seeburg stiet oan it fytspaad súdwestlik fan de Marlijn yn de rjochting fan de fjoertoer (Scheepstrapaad).

Bunkermuseum Schlei
bouwurk
lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Skiermûntseach (gemeente)
koördinaten 53° 29' 49" N 6° 11' 9" E
bysûnderheden
type bouwurk bunker
subtype Seeburg
offisjele webside
Webside
kaart
Bunkermuseum Schlei (Skiermûntseach)
Bunkermuseum Schlei
Bunkermuseum Schlei
Bunkermuseum Schlei

De bunker waard yn de Twadde Wrâldoarloch brûkt as kommunikaasjesintrum. De ynformaasje fan radio- en radarsinjalen waarden dêr samle en trochjûn oan de Luftwaffe, dy't de sinjalearre alliearde fleantugen mei jagers besocht te ûnderskeppen. Om dy ynformaasje te ferwurkjen, stie yn dizze bunker in saneamde Seeburgtisch: in glêzen tafel dêr't de posysjes fan alliearde en Dútske fleantugen mei lampkes op oanjûn waarden.

De bunker wurdt eksploitearre troch Stichting Bunkermuseum Schlei. Dy stifting wol de skiednis fan de Twadde Wrâldoarloch fan Skiermûntseach foar eltsenien besikber hâlde.

Twadde Wrâldoarloch op Skiermûntseach

bewurkje seksje

Yn de oarloch sieten sa'n 600 soldaten op it eilân. Om it te ferdigenjen tsjin de alliearden waarden der bunkers boud as ûnderdiel fan de Atlantikwall. Dy rûn fan de Spaanske grins oant en mei Noarwegen. Yn de dunen oan it strân waarden hiele bunkerkompleksen oanlein; der wie sels in kompleet doarp oan de ein fan de Prins Bernhardwei. It doarp bestie út bunkers, radarynstallaasjes, loftôfwargeskut en kamûflearde barakken. It doarp krige de koadenamme Schlei, de Dútske namme foar de fisksoarte mûdhûn. De bekendste bunker wie de Wassermann, ûntwurpen as basis foar in grutte radarantenne, mar it is nea yn gebrûk nomd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: