Burg Schwalbach
Burg Schwalbach is in hichteboarch yn it stedsje Burgschwalbach yn de Rhein-Lahn-Kreis yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts.
Kastiel Schwalbach | ||
kastiel | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
regio | Rynlân-Palts | |
lânkring | Rhein-Lahn-Kreis | |
plak | Burgschwalbach | |
koördinaten | 50° 17' N 8° 4' E | |
Skiednis | ||
stiftingsjier | 1368 | |
Oars | ||
type | Hichteboarch | |
monumintale status | Kulturdenkmal | |
Webside | ||
Kastiel op de side fan it doarp | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeStifter fan de boarch wie greve Eberhard V fan Katzenelnbogen. Hie woe mei de boarch de noardeastlike grins fan syn hearskip beweitsje, nei't him dat gebiet yn 1352 tafoel út in mei syn broer Willem II dielde erfenis.
Dendrologysk ûndersyk hat útwiisd dat de ûnderste dielen op 1367-1368 datearre wurde kin, wannear't de bou krekt útein sette is lykwols noch net dúdlik. Om de boarch hinne moat doe al bewenning west ha, want ek yn 1368 ferliende keizer Karel IV de delsetting it stedsrjocht, dat mei de tastimming fan de bou fan ferdigeningswurken en it hâlden fan in merk ferbûn wie. Dochs waard it plak nea in stêd en oant yn de 18e iuw stie it as in flekke bekend.
Yn 1536 krigen de Nassau's de boarch yn hannen. Nei de dieling fan in erfenis krige greve Willem fan Nassau-Weilburg Burgschwalbach en hy brûkte de boarch as residinsje. Syn widdo Erika brûkte it kastiel oant 1628 noch as widdoferbliuw en liet it kompleks renovearje.
Yn 1737 moasten der wer reparaasjes útfierd wurde, mar fanwegen de hege kosten naam it bestjoer fan Nassau-Usingen, dêr't ek Burgschwalbach ta hearde, doe it beslút it kastiel oan syn lot oer te litten. De ynrjochting, houten dielen en it dak waarden dêrom feild en ôffierd.
It poartegebou waard yn 1817 oankocht troch in partikulier. Syn famylje iepene yn 1858 in restaurant yn it kastiel en dat bestiet noch jimmeroan.
It kastiel waard sûnt 2010 renovearre.
Beskriuwing
bewurkje seksjeIt kompleks hat in fiifhoekich grûnplan. De rûne ferdigeningstoer is likernôch 40 meter heech en it paleis trije ferdjippings heech.. De bûtenste muorrering hat twa tuorren. Al hiel ier hie de boarch in wetterlieding, dy't lykwols yn 1545 net mear te brûken wie en ferfongen waard troch in lieding fan buizen fan klaai, werfan't de resten yn 1962 fûn binne.
De kapel fan it kastiel rekke tsjin it ein fan de 16e iuw yn ferfal, mar waard troch grevinne Erika wer restaurearre. Sûnt 1603 wiene der wer tsjinsten mooglik. It fleugelalter út 1517 stiet tsjintwurdich yn it Museum Wiesbaden.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Burgschwallbach Literatur, op dizze side.
|