Burmaniastate (Goutum)
De Burmaniastate ek: Putsmastate, stie ten noardwesten fan Goutum, in eintsje ten westen fan Emingastate. Fan de state is neat werom te finen.
De state soe om 1400 boud wêze troch Oeds Wiarda, mar mooglik bestie de stins doe al. Oeds Wiarda, broer fan Sjoerd Wiarda wenne om dy tiid op de Wiardastate tichtby de tsjerke, mar krige doe in eigen state flakby dy fan syn oare broer Ids. Dy state waard ûnder de namme Burmaniastate.
Yn 1698 (en yn 1720 noch) wie it eigendom fan Ruerd Juckema fan Burmania, dy't troud wie mei Elisabeth Wiglina fan Eminga, eigenaresse fan de neistlizzende Emingastate. Neffens dr. Abma hat Ruerd yn 1720 Putsmastate ôfbrekke litten en op itselde steed in pleats delset. Dat moat dan wol Emingastate west hawwe, want it Floreenkohier fan it jier 1700 fermeldt “Drinckuitsma en ’t hornleger van Putsma-state”. Burmania/Putsma wie doe dus al ôfbrutsen en allinnich it stikje grûn (mei it stimrjocht; stim 27) wie der noch.
Bewenners
bewurkje seksje- om 1400 Oeds Wiarda
- 1720 Ruerd Juckema fan Burmania
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|