Burnt Pine (Norfuksk Ban Pain[1]) is it grutste plak op Norfolk. It is it ekonomysk sintrum fan it eilân. It sintrum fan it plak hat winkels en kafees en in rotonde.

Burnt Pine
Ban Pain
Lizzing fan Burnt Pine op Norfolk
Lizzing fan Burnt Pine op Norfolk
Bestjoer
Lân Austraalje
Territoarium Norfolk
Sifers
Ynwennertal 180 (2007)
Hichte 100 m
Oar
Stifting 1942
Postkoade 2899
Tiidsône UTC+11:30

Kingston, it haadplak fan it eilân leit sa'n 3 km nei it suden. Middlegate, mei de Norfolk Island Central School en it Bounty Folk Museum, earder Uncle Joe Jenkins General Store, is in buorskip oan de eastrâne fan Burnt Pine.[2]. Cascade, it twadde lâningsplak mei alinne in pier, in weachbrêge en de ruïnes fan in âld walfiskstasjon, leit sa'n twa kilometer benoarden it plak.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Buffett, Alice Inez, Speak Norfolk Today: An Encyclopedia of the Norfolk Island language, Himii Publishing, Norfolk island 1999: 25
  2. Buffett, 2004: 169