Busûndernimming Slof
Busûndernimming Slof bestie fan 1923 oant 1983 op De Jouwer. Eigeners fan it autobusbedriuw wiene de bruorren Jacob (Jaap) en Rinze Slof. Se begûnen nei de Earste Wrâldoarloch yn it busbedriuw fan harren heit Jan Slof by ‘De Koai’ oan de Hurddraversdyk. De bruorren wiene ek sportyf. Jacob Slof wie yn syn jeugd in bekende koartebaanrider, en syn jongere broer Rinse spile yn it earste alvetal fan fuotbalklup De Kooi.[1] (Frou Slof hie it kafee/kantine fan fuotbalklup De Kooi).
De Jouwer-Ljouwert
bewurkje seksjeSe kamen út in skipperslaach mar seagen kânsen doe’t de weiferfier it wûn fan ferfier oer wetter. Yn 1923 begûnen de bruorren net fier fan it bedriuw fan harren heit in eigen busbedriuw oan de Hurddraversdyk 93.
De kompanjons begûnen op 19 juny 1923 in bustsjinst tusken De Jouwer en Ljouwert. De rit De Jouwer-Ljouwert gie oer Eagmaryp en Terherne en duorre fiif kertier. Der koene fjirtjin passazjiers ferfierd wurde. De earste bus (mei kenteken B-6618) wie in T-Ford.[2] Efteryn stie foar de wissichheid in piteroaljeljochtsje, want at de akku leech wie soe ek it ljocht út gean.. Simmerdeis koe fan Ljouwert nei Amsterdam reizge wurde. Slof ried dan fan Ljouwert nei De Lemmer, minsken koene dan mei de Lemmerboat de Sudersee oer. De reis duorre dan fjirtjin oeren. Yn 1926 koste sa'n reis f 1,60 earste klas en f 1,20 twadde klas.[3]
Yn 1938 waard foar f 9000 in foar dy tiid tige moderne bus oanskaft. Slof liet de measte bussen bouwe by it Jouster bedriuw Smit. Yn de besettingstiid waarden op ien bus nei alle bussen foardere troch de Dútsers, doe’t de bruorren wegeren om foar de Dútsers te riden.
Slof Tours
bewurkje seksjeDe bruorren soene de bustsjinst oant 1962 dwaan bliuwe. Oan de ein fan de sechtiger jierren waard busbedriuw Slof oernomd. Under de namme Slof Tours waard de linetsjinst in toerbusûndernimming dy’t bestean soe oant 1983. De toertsjinst ried in soad foar fuotbalferienings, skoallen, ynstellings en reisselskippen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|