Buurman Bolle
Buurman Bollle, wie in jeugd-telefyzjerige dy't útstjoerd waard troch de VPRO fan 1 oktober oant 24 desimber 1989. Yn 1989 is it programma op DVD útkomd.
It programma giet oer Buorman Bolle en in tige aardige mem dy't njonken him wennet. Hy is stikem fereale op de buorfrou wêrtroch't hy gauris bernich en ûnhandich oerkomt. Dat komt omdat hy net doart te fertellen oan de buorfrou dat hy har graach lije mei. Uteindelik trout hy sels mei har. De rige is yn 1990 bekroand mei de Grote Kinderkastprijs. It kommintaar by de rige is fan Burny Bos, dy't ek it senario skreaun hat en it ferhaal ferwurke hat ta in lykneamd berneboek. De regisseur fan de rige is Ben Sombogaart. Se hawwe tegearre meardere súksesfolle produksjes makke, lykas Abeltje, Mijn vader woont in Rio en Kinderen van Waterland.
Haadrolspilers wienen Chris Bolczek (Buorman Bolle) en Anke Kranendonk as mem fan de bern (de buorfrou).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |