Burny Bos
Bernard Gerrit (Burny) Bos (Haarlim, 8 april 1944 - Amsterdam, 1 desimber 2023) wie in Nederlânske produsint, senario-en berneboekeskriuwer. Ek wurke er as akteur oan berneprogramma's op radio en telefyzje mei. Burny Bos wie de heit fan skriuwster Tamara Bos.
Burny Bos | ||
regisseur en/of produsint | ||
Burny Bos (1991) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Bernard Gerrit Bos | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 8 april 1944 | |
berteplak | Haarlim | |
stoarn | 1 desimber 2023 | |
stjerplak | Amsterdam | |
wurkpaad | ||
wurksum as | filmregisseur, filmprodusint, akteur, skriuwer | |
bekenste produksje(s) |
Theo en Thea, Ko de Boswachtershow Het Zakmes Otje | |
jierren aktyf | 1974-2020 | |
prizen | sulveren Reismikrofoan (1983) Gouden Keal (1999, 2002 & 2014) | |
offisjele webside | ||
bosbros.com |
karriêre
bewurkje seksjeOant 1974 wie er ûnder mear ûnderwizer en learaar tekenjen. Dêrnei wie Bos wurksum by de AVRO-radio. Yn 1975 krige hy fan de sulveren Reismikrofoan sjuery in earfolle fermelding foar de "Ko de Boswachtershow" (radio) en in 1977 foar "Radio Lawaaipapegaai". Yn 1981 joech de sjuery foar de sulveren Nipkowskiif in earfolle fermelding oan de telefyzjesearje "Lawaaipapegaai". Yn 1983 krige er de sulveren Reismikrofoan foar syn hiele radio-oeuvre.
Yn de perioade fan 1977 oant 2004 hat Bos mear as 40 berneboeken skreaun. Guon boeken binne útjûn yn mear as 20 lannen.
Fan 1984 oant 1989 wie Bos haad fan de jeugdôfdieling fan de VPRO. Under syn superfyzje waarden programma's as "Theo en Thea", "Mevrouw Ten Kate", "Max Laadvermogen", "Rembo en Rembo", "Achterwerk in de kast", "Broertjes", "Buurman & Buurman", "Achterwerk uit de kast", "Het huishouden van Jan Steen" en "Buurman Bolle" ûntwikkele.
Yn 1989 begûn hy syn eigen produksjebedriuw BosBros en sleat hy in mearjierrich kontrakt mei de AVRO. Foar de AVRO produsearre er ûnder oare "Het Zakmes", "Kinderen van waterland", "Dag Juf, tot morgen", de "Ko de Boswachtershow", "Hoe laat begint het schilderij", "Mijn Franse tante Gazeuse" en "Otje". Hy waard útroppen ta omropman fan it Jier 1998.
Mei syn produksjemaatskippij BosBros bewurke er ûnder mear in tal boeken fan Annie M.G. Schmidt ta famyljefilms. Hy ûntfong it Gouden Keal foar Beste lange film yn 1999 mei Abeltje en yn 2002 mei Minoes. Schmidts boeken Otje en Ibbeltje waarden bewurke ta telefyzjesearje.
Burny Bos wie earegast op it Nederlânsk Filmfestival yn 2007. Foar dy gelegenheid frege er regisseur Diederik van Rooijen om de koarte film "Een trui voor kip Saar" te regissearjen. Fierder liet er blike him soargen te meitsjen oer de takomst fan de jeugdfilm yn Nederlân. Kwaliteitsfilms binne hieltyd dreger te meitsjen. Neffens him lijt it bernesjenre op telefyzje en yn de bioskoop ûnder "Verplopping".[1]
Yn 2014 krige Bos it Gouden Kealfanwegen bysûndere fertsjinsten foar de Nederlânske filmkultuer.
Burny Bos ferstoar op 1 desimber 2023, yn 'e âldens fan 79 jier oan de gefolgen fan asbestkanker.
Films, programma's en boeken
bewurkje seksjeRadioprogramma's
bewurkje seksje- Ko de Boswachtershow (1974-1984)
- Radio Lawaaipapegaai (1976-1978)
- De Zandbakshow (1979-1982)
telefyzjeprogramma's
bewurkje seksje- Lawaai Papegaai (1978-1982)
- Dag huis, dag tuin, dag opbergschuur (1980)
- Hoe laat begint het schilderij (1983)
- Opzoek naar Yolanda - Lange Jaap (1984)
- Villa Achterwerk (1984/1985)
- Lange Jaap (1985-1986)
- Max Laadvermogen (1986)
- Buurman Bolle (1989)
- Ko de Boswachtershow (1990-1994)
- Studio Trappelzak (1992)
- Mijn vader woont in Rio (1990)
Filmografy
bewurkje seksje
Bibliografy
bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|