Céline van Balen

Céline van Balen (Amsterdam, 18 augustus 1965) is in Nederlânske fotograaf dy't yn Amsterdam wennet en wurket.

Yn 1991 komt se fia in kursus foar wurkleazen in oanrekking mei de fotografy. Se ûntwikkelet in foarkar foar portretfotografy en se hat dêrby benammen each foar minsken dy't troch de mienskip negearre wurde. Se is dêrby ynspirearre troch de New Yorkse fotograaf Weegee, dy't yn de 40-er en 50-er jierren de outcasts yn syn stêd fotografearre.

Céline van Balen folge fan 1995 oant 1997 in oplieding oan de Rietveld Akademy. Yn 1999 krijt se har earste opdracht yn it ramt fan it projekt "Dokumint Nederlân": Kinderen van Zeven, in searje fan 28 foto's fan sânjierrige bern. Se hat dêrnei eksposysjes yn binne- en bûtelân.

Yn 2003 wurdt it fotoboek 'Céline van Balen' bekroane mei de Foto Kees Scherer Priis.

Keppelingen om utens

bewurkje seksje