CJ Miles, echte namme ûnbekend (13 april 1984), is in Filipynsk neakenmodel. CJ Miles moat net betize wurde mei C.J. Miles, in Amerikaansk basketballer; om sa'n betizing foar te kommen, staveret Miles har namme sûnder punten efter de foarletters.

CJ Miles
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme ?
nasjonaliteit Filipynsk
berne 13 april 1984
berteplak ? (de Filipinen)
etnisiteit Filipynsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel
jierren aktyf 2002 – no
offisjele webside
misscjmiles.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Miles waard yn 1984 yn djippe earmoede berne op 'e Filipinen. Troch as neakenmodel te wurkjen wist se in oplieding yn kompjûterkunde oan it Colegio de San Juan de Letran te beteljen, dy't se ôfrûne mei in bachelorstitel.

Yn 2006 ferfear se nei de Feriene Steaten, dêr't se har nei wenjen sette yn Las Vegas. Sûnt hat Miles yn Amearika karriêre makke as neakenmodel. Hja falt op troch har petiterige lichemsbou; neffens har offisjele opjefte is se in mar 1.44 m lang, mei in gewicht fan 39 kg en kupmaat 34C, dêr't se oan kommen is troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndegean. Miles stiet bekend om har positive ynstelling en har tawijing oan har famylje yn 'e Filipinen.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: