CVV Blau Wyt '34'
Oprjochte: 28 april 1934
Plak: Ljouwert
Kompleks: Wiarda
Kompetysje: sneons twadde klasse
Tenu
webstee CVV Blau Wyt '34'

CVV Blau Wyt '34 is in kristlike fuotbalferiening út Ljouwert. De klup is oprjochte op 28 april 1934. Yn it jier 1935 sleat de klup him oan by it Kristlike Nederlânske Fuotbal Bûn (CNVB). Yn de perioade 1980 oant 1990 spile Blau Wyt yn de haadklasse op sneon. No (2019) spylje se yn de Twadde Klasse I. It kluptenu bestiet út in blau shirt mei in wite fertikale baan en in wite broek. It sportpark hat in tribune mei in kapasiteit fan 300 persoanen en noch steanplakken foar ûngefear 1000 minsken.

Resultaten bewurkje seksje

  • 1942 kampioen 1e klasse FVB
  • 1953 kampioen 4e klasse KNVB (promoasje koe pas yn 1954)
  • 1955 kampioen 3e klasse KNVB (gjin fierdere promoasje mooglik)
  • 1959 kampioen 3e klasse KNVB
  • 1962 promoasje nei de 2e klasse KNVB
  • 1980 kampioen 2e klasse KNVB, promoasje nei de 1e klasse (degradaasje yn 1982)
  • 1984 kampioen 2e klasse KNVB, promoasje nei de 1e klasse (degradaasje yn 1987)
  • 1994 kampioen 2e klasse KNVB, promoasje nei de 1e klasse (degradaasje yn 1997)

Ferneamde spilers bewurkje seksje