Calw is in plak en gemeente yn de Dútske dielsteat Baden-Württemberg. It is de Kreisstadt fan de lânkring Calw.

Calw
Martkplatz.
Martkplatz.
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Baden-Wuertemberch
lânkring Calw
Stedsyndieling 13 Stadtteile
Sifers
Ynwennertal 24.219 (2022)
Oerflak 59,88 km²
Befolkingsticht. 404 ynw./km²
Hichte 347 m
Oar
Stifting 1037 (foar it earst neamd)
Postkoade 75365
Koördinaten 48° 42' N 8° 44' E
Offisjele webside
rathauscalw.de
Kaart
Calw (Baden-Wuertemberch)
Calw

Calw leit yn it súdwesten fan Dútslân yn it noarden fan it Swarte Wâld.

De gemeente Calw bestiet út 13 ferskillende Stadtteile: Altburg, Oberriedt, Speßhardt, Spindlershof, Weltenschwann, Calw, Alzenberg, Heumaden, Wimberg, Hirsau, Ernstmühl, Holzbronn en Stammheim.

Cawl leit yn 'e delling fan it rivierke de Nagold op in hichte tusken 330 en 630 meter boppe seenivo. De histoaryske stêd leit west fan it rivierke, de nijere stedsdielen ûntwikkelje har op 'e hellings. Oare rivierkes yn 'e gemeente binne de Tälesbach, de Ziegelbach, de Wurstbrunnenbach, de Schießbach, de Schlittenbach en de Schweinbach. Yn it noardlike gemeentegebiet oan 'e westlike helling fan 'e delling fan 'e Nagold leit de Bruderhöhle (de Bruorregrot).

Yn Calw lizze twa natoergebieten: de 'Gültlinger en Holzbronner Heiden' om it stedsdiel Holzbronn en de 'Würm-Heckengäu' om it stedsdiel Stammheim.

Berne yn Calw

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Calw fan Wikimedia Commons.