Camstrastate 2 (Wurdum)
De Twadde Camstrastate, of Personia Goed, lei flakby it doarp Wurdum oan de Werpsterdyk, gemeente Ljouwerteradiel. Op it steed stiet yn 2011 in pleats
De state is grif ûntstien nei 1461. Yn 1461 sneuvelet Rienck Camstra, dy't eigener is fan de Camstrastins. Omdat hy meardere soannen hat, erft de âldste soan de stins, wylst in oare soan, Feijcke, yn 1506 op Camstrastate II wennet. Nei alle gedachten hat hy de state bouwe litten.
Feijcke is krektas syn heit grytman en in Skieringer, in fechtjas lykas syn pakesizzer, de wettergeus Foppe. Feijcke, is troud mei Syts Foppes Sjaarda. Hy stjert yn 1517.
Homme Camstra, in soan fan Feijcke erft de state, wylst in oare broer, mooglik troch it sûnder bern stjerren fan harren omke, yn besit komt fan de Earste Camstrastate. Homme wennet tusken 1530 en 1550 op Camstrastate. Homme is de heit fan de wettergeus Foppe Camstra, dy't hjir grif yn 1530 berne is en om 1570 stjert. As ûnderskrift sstiet by it ôfbyld: "'t slot Kamstra te Wirdum behoort tot den hooghgeboren heere Kamstra 1723". Letter kaam it yn besit van de famylje Fan Sytzama. Dit slot fan Camstra is no bekend ûnder de namme Personia. De state Camstra is no ferdwûn, mar de grêften en singels lizze no noch om de pleats.
Bewenners
bewurkje seksje- ± 1461 - ± 1517 Feijcke Camstra
- 1517 - ± 1550 Homme Camstra
- 1550 - ± 1570 Foppe Camstra
- fam. Van Sytzama
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |