Carel Fabritius
Carel Fabritius (Middenbeemster, doopt 27 febrewaris 1622 - Delft, 12 oktober 1654) wie in Nederlânsk keunstskilder. Hy wie ien fan de meast bejeftige learlingen fan Rembrandt.
Biografy
bewurkje seksjeFabritius waaard berne yn de doe noch mar tsien jier âlde Beemster polder, as de soan fan in skoalmaster. Syn pake kaam fan Gint en wie dûmny. Earst waard Carel timmerman (= fabritius). Hy troude yn 1641 mei syn begoedige buorfamke, de suster fan de pleatslike dûmny en sette him ta wenjen yn Amsterdam, yn de Runstrjitte.
Yn de iere 1640er jierren waard er learling yn Rembrandt syn atelier yn Amsterdam, tegearre mei syn broer Barent Fabritius. Efkes nei 1650 ferhûze er nei Delft, en slette er him oan by it Delftske skildersgilde yn 1652. Fabritius stoar mei jonge jierren yn de grutte eksploasje fan it Delftske krûtmagazyn op 12 oktober 1654 dêr’t in fearns part fan dy stêd by ferneatige waard. Ek Fabritius syn skilderijen giene foar it grutste part ferlern, mar sa’n tolve hawwe it oerlibbe. Neffens Houbraken kamen syn learling Mattias Spoors en de (tsjerke) deken Simon Decker tagelyk mei him om; sy wiene mei inoar dwaande oan in skildrij. Yn in gedicht fan Arnold Bon ta syn eare, wurdt er trouwens Karel Faber neamd.[1]
Fabritius wie de iennichste fan Rembrandt syn learlingen dy’t in eigen styl ûntwikkele hat. In portret yn de styl fan Rembrandt soe in wat tsjustere eftergrûn krigen hawwe mei in soarte fan ‘’spotlight’’ op it subject of in part dêrfan (claire-obscure). By Fabritius wurdt it kleuriger en fleuriger, mei kleuriger - en ljochtere eftergrûnnen. Fierders make er him los fan de Renêssansistyske ikoanografy en wie er nijsgierrich wat de technyske kant fan it skilderjen oanbelanget. Hy eksperimintearre mei it perspektyf wat somtiden wat oerdreaun waard, bygelyks yn Ít sicht op Delft, mei myzykynstruminteferkeapers kream’ (1652). In soad skaaimerken fan Fabritius syn wurk wurde ek fûn by Johannes Vermeer en Pieter de Hoogh, beide ek fan Delft. It liket derop dat Fabritius harren sterk beynfloede hat.
Wurk
bewurkje seksje- 1640 Abraham de Potter, oaljeferve op doek, 68.5 x 57 cm, Ryksmuseum Amsterdam
- sa. 1640 De ûnthalzing fan Jehannes de Doper, oaljef. op doek, 149 x 121 cm, Ryksmuseum Amsterdam
- 1643 De opwekking fan Lazarus, oaljef. op doek, Warsjau
- 1643/45 Hagar en de Ingel, oaljef. op doek, 157.5 x 136 cm, Residenzgalery Salzburg
- c. 1644 Portret fan in sittende frou mei bûsdoek, Art Gallery of Ontario, Toronto
- 1645 - 47 Merkurius en Aglauros oaljef. op doek, 72.4 x 91.1 cm, Museum of Fine Arts Boston
- 1646 Portret fan in âld man, oaljef. op paneel, musée du Louvre
- 1646 - 1651 Famke mei biezum, oaljef. op doek, 107.3 x 91.4 cm, signed as Rembrandt, National Gallery of Art Washington D.C
- 1650 Selfportret, oiljef. op paneel, 65 x 49 cm, Museum Boijmans Van Beuningen Rotterdam
- 1652 Sicht op Delft, mei in muzyk ynstruminteferkeapers kream, oaljef. op doek op paneel, 15.4 x 31.6 cm, National Gallery Londen
- 1654 It putterke, oiljef. op paneel, Mauritshûss Den Haach
- 1654 De poartewachter, oaljef. op doek, 68 x 58 cm, Staatliche Museum Schwerin Schwerin
- 1654 Jonge man mei in bûntmûtse, oaljef. op doek, 70.5 x 61.5 cm, National Gallery Londen (nei alle gedachten in selfportret)
Galery
bewurkje seksje-
Man mei bûntmûtse (Selsportret, 1654)
-
It putterke
-
De poartewachter (foar restauraasje)
-
Sicht op Delft (mei ynstruminteferkeaper)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Carel Fabritius fan Wikimedia Commons. |