Carl Friedrich August Naber

Carl Friedrich August Naber of Carel Frederik August Naber (Tecklenburg, 1 septimber 1796 - Dimter, 23 augustus 1861) wie in Dútsk-Nederlânske oargelbouwer yn de 19e iuw.

 
Naberoargel yn de Alde Blasiustsjerke, Delden

Naber waard berne yn it Dútske Westfalen, mar festige him yn 1825 yn Dimter. Ynearsten arbeide er op mei Heinrich Quellhorst, dy't yn 1825 en 1826 tsjerkoargels makke foar de Grutte Tsjerke yn Elburg en de Betlehemtsjerke yn Swol. Fan doe ôf oan levere er tsientallen oargels yn East-Nederlân.
Apart binne syn oargels dy't yn 1840 en 1844 nei Suriname skipe waarden foar de Herfoarme Tsjerke yn Paramaribo. Mei't it earste ynstrumint by in skipbrek ferlern gie boude Naber in twadde, dat troch kening Willem II betelle waard.

Nei syn ferstjerren yn 1861 gie syn soan Frederik Samuel Naber noch in pear jier troch mei de oargelmakkerij.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • J.F. van Os, Langs Nederlandse orgels / Overijssel, Gelderland. Baarn, Bosch en Keuning 1977-1979.
  • Orgeldatabase