Carl Reinhold Sahlberg
Carl Reinhold Sahlberg (Eura, 22 jannewaris 1779 - Yläne, 18 oktober 1860) wie in Finsk - Sweedsk natuerûndersiker en yn 't foarste plak entomolooch. Yn de botany wurd er oantsjut mei "Sahlb.".
Biografy
bewurkje seksjeSahlberg wie in soan fan majoar Isak Reinhold Sahlberg en Lovisa Katarina Polviander. Hy boaske oan Johanna Sofia Björkfors en krige mei har in soan, Reinhold Ferdinand Sahlberg dy't ek in ferneamd Finsk natuerûndersiker waard.
Carl Reinhold Sahlberg folge yn 1818 Carl Niclas Hellenius op as heechlearaar ekonomy en natuerlike histoarje oan de Universiteit fan Turku, doetiidsk de iennige universiteit fan Finlân. Yn 1827 waard de stêd Turku en de universiteit hast folslein troch brân ferwoastge. Wat oerbleau fan de natuerhistoaryske kolleksjes fan it museüm waarden dêrnei nei Helsinky brocht dêr't, wat letter de Universiteit fan Helsinky wurde soe, se op 'e noed naam.
Sahlberg ferfong de samling dy't ferlern gien wie spile in grutte rol by it oprjochtsjen fan in botanyske tún yn Helsinky en in wittenskiplike feriening mei de namme "Societas pro fauna et flora fennica".
Wurk
bewurkje seksje- Dissertatio academica quaestionem examinans: an Lichenes detrimento sint arboribus? 1802
- Specimen academicum, observations quaedam de hordei in borealibus terries culti cito maturescendi habitu et in re nostra rustica usu sistens. 1817
- Dissertatio entomologica Insecta Fennica enumerans. I-II. 1817–1839
- Periculum entomographicum species insectorum nondum descriptas proponens. 1–5. 1823
- Om fruktträdgårdars anläggande. 1856
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |