Turku
Turku (Sweedsk: Åbo) is in stêd yn it súdwesten fan Finlân, en leit oan de mûning fan de rivier de Aura yn de Eastsee; it is de haadstêd fan de regio Varsinais-Suomi. Turku fierde yn 1979 syn 750-jierrich bestean. Mei likernôch 180.000 ynwenners is Turku op fjouwer nei de grutste gemeente fan it lân, mar it stedsgebiet jildt nei Helsinky en Tampere as op twa nei it wichtichste fan it lân.
Turku | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Finlân |
Provinsje | West-Finlân |
Gemeente | Turku |
Sifers | |
Ynwennertal | 184.190 (2013) |
Oerflak | 306,36 km² (lân en wetter) |
Befolkingstichtens | 749,75 / km² |
Stêdekloft | 315.751 (2013) |
Hichte | 10 m |
Oar | |
Stifting | 13e iuw |
Tiidsône | UTC+2 |
Simmertiid | UTC+3 |
Webside | www.turku.fi |
Turku is in twatalige gemeente mei Finsk as mearderheidstaal (± 89%) en Sweedsk as minderheidstaal.
Yn 2011 wie de unversiteitsstêd Turku tegearre mei Tallinn de kulturele haadstêd fan Europa.
It besjen wurdich
bewurkje seksjeUnderwiis
bewurkje seksjeTurku hat twa universiteiten: de Finsktalige Universiteit fan Turku, oprjochte yn 1920, en de iennige Sweedsktalige universiteit fan it lân, Åbo Akademi, oprjochte yn 1918. Njonken dat hat de stêd in tal hegeskoallen (wêr't de grutste fan Finlân by sit) en de Turku School of Economics and Business Administration.
Berne yn Turku
bewurkje seksje- Abraham Niclas Edelcrantz (1754-1821), baron en dichter
- Johan Gadolin (1760-1852), skiekundige, natuerkundige en mineralooch
- Rafael Erich (1879-1946), politikus, diplomaat en heechlearaar
- Mauno Koivisto (1923), politikus
- Pertti Jalava (1960), komponist en musikus
- Marko Kitti (1970), skriuwer
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Turku fan Wikimedia Commons. |