</noinclude> Carolina Cornelia Catharina (Carry) Langkruis-Geijssen (Amsterdam, 11 jannewaris 1947) is in earder Nederlânsk reedrydster. Geijssen wie de earste Nederlânske reedrydster dy't in gouden medalje wûn op de Olympyske Winterspullen.

Carry Geijssen
Reedrider
Carry Geijssen (1968)
Carry Geijssen (1968)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Carolina Cornelia Catharina Langkruis-Geijssen
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 11 jannewaris 1947
berteplak Amsterdam
sportive ynformaasje
ûnderdiel Langebaan
O.S. Grenoble 1968
debút 1964
karriêre-ein 1971
wichtige prestaasjes
1x goud Olympyske Spullen 1968, 1936
1x sulver Olympyske Spullen 1968
1x brûns WK Allround 1968

Sy die seis kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround en yn 1968 ien kear oan de Olympyske Winterspullen dêr't se Olympysk kampioen waard op de 1000 meter. Sy waard ien kear tredde by de Wrâldkampioenskippen efter Stien Kaiser en Ans Schut. Sy waard ek ien kear Nederlânsk allround kampioen.

By de Winterspullen wie Geijssen it middelpunt fan in reedriidrel. Tsjinoer in sjoernalist fan De Tijd ferklearre se dat de frouljus-kearnploech al lang in twadde coach woe njonken trainer Piet Zwanenburg. Letter soe Geijssen sizze dat de froulju fûnen dat Zwanenburg tefolle wurk allinnich dwaan moast en dat dat se him fuort ha woene. De kwestje late lykwols ta it fuortgean fan Zwanenburg. Geijsen hold yn 1971 op mei it reedriden op heech nivo.

Persoanlike rekôrs

bewurkje seksje
Ofstân Tiid Datum Baan
500 meter 45,9 9 febrewaris 1970     Eisstadion Davos, Davos
1000 meter 1.31,5 1 maart 1969   Ludwig Schwabl Stadion, Inzell
1500 meter 2.21,3 20 jannewaris 1968     Eisstadion Davos, Davos
3 km 5.00,8 21 jannewaris 1968     Eisstadion Davos, Davos
jier NK
Allround
WK
Allround
WK
Sprint
Olympyske
Spullen
1964 4e 23ste
1965   7e
1966   9e
1967   12e
1968     1000 m,  
1500 m,  
1969 4e 14e
1970 4e 11e
1971 7e

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL