Cassandra (koart ferhaal)

Cassandra is in koart ferhaal fan it fantasysjenre fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel ferwiist nei it personaazje Kassandra út 'e Ilias fan Homearus, dy't de jefte fan profetearjen hie, mar op wa't de flok rêste dat nimmen har warskôgings ea leauwe woe. Cassandra wie it twadde koarte ferhaal dat Cherryh ea skreau. It waard yn 1978 publisearre yn it tydskrift The Magazine of Fantasy & Science Fiction en wûn yn 1979 de prestizjeuze Hugo Award yn 'e kategory bêste koarte ferhaal. Cassandra is neitiid ferskate kearen werpublisearre. It ferhaal is oerset yn it Dútsk, Frânsk, Poalsk, Italjaansk en Roemeensk.

Cassandra
algemiene gegevens
auteur C.J. Cherryh
taal Ingelsk
foarm koart ferhaal
sjenre fantasy
1e publikaasje 1978, The Magazine of Fantasy
   & Science Fiction
oarspr. útjwr. Mercury Publications
bondel û.m. Visible Light
prizen Hugo Award 1979

Eftergrûn bewurkje seksje

C.J. Cherryh is it bekendst om har romans op it mêd fan fantasy en science fiction, dy't fierwei it meastepart fan har oeuvre beslane. Koarte ferhalen skriuwt se oer it algemien inkeld as se dêr troch in útjouwer of in redakteur fan in blomlêzing om frege wurdt, of as se ynspiraasje hat foar it útwurkjen fan in idee dat himsels net lient foar de langere foarm fan in roman. Dat se mei Cassandra de Hugo Award wûn, kaam foar har sadwaande as in folsleine ferrassing.

Ynhâld bewurkje seksje

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De jefte fan foarwittenskip is in flok foar Alis dêr't se gjin behearsking oer hat. Hja sjocht oanhâldend de takomst as in dúdliker wurklikheid as de tinne, dizenige sitewaasje fan no dêr't de bylden oerhinne lizze. Se kin dêr neat tsjin dwaan, en de takomst is skriklik. Eltse moarn ferlit se har baarnende appartemint en rint troch de ruïne fan in stêd nei it iennichste kafee dat alteast noch foar in diel oerein stiet. Oeral dêr't se giet, komt Alis minsken tsjin dy't der foar har as ferkoalde liken útsjogge. Se wit dat de bylden dy't se sjocht, wurklikheid wurde sille, mar se besiket net mear om dêrfoar te warskôgjen, want de lju beskôgje har as sljochtsinnich. As de bommen úteinlik falle, wit se har eigen libben te rêden troch beskûl te sykjen yn 'e kelder ûnder it kafee. Neitiid falle de bylden fan 'e ferwoastge stêd en de deade ynwenners gear mei de wurklikheid, en kin Alis einlings en te'n lêsten in 'normaal' bestean liede middenmank de ruïnes en de liken.

Publikaasjeskiednis bewurkje seksje

jier titel soarte taal
1978 The Magazine of Fantasy & Science Fiction tydskrift Ingelsk
1979 The 1979 Annual World's Best SF Ingelsk blomlêzing
1980 Science Fiction Story Reader 13 blomlêzing Dútsk
Fiction tydskrift Frânsk
Univers 1980 blomlêzing Frânsk
Nebula Winners Fourteen blomlêzing Ingelsk
1981 Anthologie de la Littérature de Science-Fiction blomlêzing Frânsk
1983 Fantastyka 3 tydskrift Poalsk
1984 Wollheim's World's Best SF: Series Eight blomlêzing Ingelsk
I Premi Hugo: 1976-1983 blomlêzing Italjaansk
1985 Science Fiction Jubiläums Band: 25 Jahre Heyne Science Fiction & Fantasy 1960-1985 blomlêzing Dútsk
The Hugo Winners, Volume 4: 1976-1979 blomlêzing Ingelsk
1986 Visible Light ferhalebondel Ingelsk
1987 The Dark Void blomlêzing Ingelsk
Cosmos XXI: Întîmplări Dintr-un Univers al Păcii blomlêzing Roemeensk
1994 The SF Collection blomlêzing Ingelsk
1995 Women of Wonder, the Contemporary Years: Science Fiction by Women from the 1970s to the 1990s blomlêzing Ingelsk
1998 The Unexplained: Stories of the Paranormal blomlêzing Ingelsk
2000 Une Histoire de la Science-Fiction 3: 1958-1981, L'Expansion blomlêzing Frânsk
2004 The Collected Short Fiction of C.J. Cherryh ferhalebondel Ingelsk
2010 The Last Man Anthology: Tales of Catastrophe, Disaster and Woe blomlêzing Ingelsk
2014 Galaxy's Edge Magazine tydskrift Ingelsk
2016 Women of Futures Past blomlêzing Ingelsk

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

jier priis resultaat kategory
1979 Locus Award twadde priis bêste koarte ferhaal
Nebula Award twadde priis bêste koarte ferhaal
Hugo Award wûn bêste koarte ferhaal

Yn 1999 waard Cassandra fierders troch it tydskrift Locus beneamd ta ien fan 'e 50 bêste koarte ferhalen aller tiden op it mêd fan fantasy en science fiction.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.