The Magazine of Fantasy & Science Fiction

The Magazine of Fantasy & Science Fiction, gauris oantsjut as F&SF, is in Amerikaansk tydskrift op it mêd fan 'e literêre sjenres fantasy en science fiction (en teffens horror). It bestiet sûnt 1949 en wurdt sûnt 2001 útjûn troch Spilogale, Inc. The Magazine of Fantasy & Science Fiction ferskynt ien kear yn 'e twa moannen. De redaksje is fêstige yn Hoboken, yn 'e Amerikaanske steat Nij-Jersey, ûnder de reek fan New York.

The Magazine of Fantasy
& Science Fiction
algemiene ynformaasje
hist. namme The Magazine of Fantasy
nasjonaliteit Amerikaansk
taal Ingelsk
sjenre fantasy, science fiction, horror
frekwinsje 1x yn 'e 2 moannen
bestean 1949 – no
oprjochter Anthony Boucher
J. Francis McComas
Lawrence E. Spivak
plak haadred. Hoboken (Nij-Jersey)
útjouwer Spilogale, Inc.
oplaach <15.000 (2011)
ISSN 0024-984X
offisjele webside
www.sfsite.com/fsf

Redakteurs Antony Boucher en J. Francis McComas hifken yn 'e midden fan 'e 1940-er jierren útjouwer Lawrence E. Spivak oer de mooglikheid om in fantasyblêd op te rjochtsjen nei foarbyld fan Spivak syn besteande tydskrift op it mêd fan detektiveliteratuer, Ellery Queen's Mystery Magazine. Spivak hie dêr wol earen nei, en de earste edysje fan it nije blêd ferskynde yn 1949, ûnder de titel The Magazine of Fantasy. Al rillegau waard lykwols it beslút nommen om ek science fiction op te nimmen, en dêrfandinne waard de titel oanpast ta The Magazine of Fantasy & Science Fiction. It tydskrift waard oarspronklik útjûn troch Fantasy House, in ymprint fan Spivak syn Mercury Publications.

The Magazine of Fantasy & Science Fiction wykte yn lay-out frijwat ôf fan 'e oare fantasy- en science fiction-blêden fan dy tiid. De measten dêrfan wiene nammentlik pulp magazines mei skreauwerige titels, in protte plaatsjes, en de tekst opdield yn ferskate kolommen. The Magazine of Fantasy & Science Fiction hie dêrfoaroer in frij ynteine omslach, gjin ynterne yllustraasjes en gjin ferskillende kolommen. Neffens science fiction-histoarikus Mike Ashley joech dat allegear mei-inoar oan The Magazine of Fantasy & Science Fiction "it oansjen en gesach fan in superieur tydskrift."

Frij gau ûntjoech The Magazine of Fantasy & Science Fiction him ta ien fan 'e liedende publikaasjes yn syn sjenre. It blêd krige de reputaasje dat it literêrdere en mear ferskate ferhalen publisearre as de konkurrinten. Sa ferskynden yn 'e begjinjierren bgl. Born of Man and Woman, fan Richard Matheson, en Bring the Jubilee, fan Ward Moore yn The Magazine of Fantasy & Science Fiction. Yn 1954 loek McComas him om sûnensredens út 'e redaksje werom, sadat Boucher as iennichste redakteur oerbleau. Yn syn lêste jier, 1958, wûn dy de prestizjeuze Hugo Award yn 'e kategory bêste tydskrift, in wapenfeit dat syn opfolger Robert P. Mills yn 1959 en 1960 werhelle. Fan 1958 ôf waard The Magazine of Fantasy & Science Fiction útjûn troch Mercury Publications. Mills wie as redakteur ferantwurdlik foar it publisearjen fan ferskate wurken dy't har neitiid ta wiere klassikers ûntjûn hawwe, lykas Flowers for Algernon, fan Daniel Keyes, Rogue Moon, fan Algis Budrys, en Starship Troopers, fan Robert A. Heinlein.

Yn 1962 waard Mills opfolge troch Avram Davidson, dy't it mar goed twa jier úthold. Ein 1964 waard it redakteurskip sadwaande tydlik oernommen troch Joseph W. Ferman, dy't The Magazine of Fantasy & Science Fiction yn 1952 fan Spivak kocht hie. Under syn tafersjoch begûn syn soan Edward L. Ferman lykwols al rillegau de redaksjonele taken út te oefenjen, oant er begjin 1966 formeel as redakteur beneamd waard. Yn 1970 kocht er it tydskrift oer fan syn heit en ferhuze er de redaksje yn syn gehiel nei syn eigen hûs yn Connecticut. Edward Ferman bleau mear as fiifentweintich jier lang redakteur, en publisearre in protte bekende ferhalen, lykas Ill Met in Lankhmar, fan Fritz Leiber, Born with the Dead, fan Robert Silverberg, Cassandra, fan C.J. Cherryh, en The Dark Tower-searje fan Stephen King.

Ferman droech yn 1991 it redakteurskip oer oan Kristine Kathryn Rusch, dy't mear horror en dûnkere fantasy begûn op te nimmen yn The Magazine of Fantasy & Science Fiction as dat earder ea it gefal west hie. Mids njoggentiger jierren begûn de oplaach omleech te gean. Troch de opkomst fan it ynternet en de algemiene ûntlêzing ferlearen de measte tydskriften doe oan lêzers, en The Magazine of Fantasy & Science Fiction wie gjin útsûndering. Yn 1997 kaam Gordon Van Gelder as redakteur foar Rusch yn it plak. Hy kocht it tydskrift yn febrewaris 2001 fan Ferman. Sûnt waard it útjûn troch Van Gelder syn eigen útjouwerij Spilogale, Inc. Yn 'e 2000-er jierren sette de efterútgong yn it lêzerstal troch, en fan in hichtepunt fan 68.000 eksimplaren yn 1990-1991 gie de oplaach tebek nei 15.000 yn 2011. Yn 2015 kaam Charles Coleman Finlay as redakteur foar Van Gelder yn 't plak.

Ynternasjonale edysjes

bewurkje seksje

Bûten de Feriene Steaten hie The Magazine of Fantasy & Science Fiction troch de jierren hinne ferskate oare nasjonale edysjes:

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.