Catalina Sky Survey

Catalina Sky Survey (CSS) is in Amerikaansk / Australysk projekt om kometen, planetoïden en foaral ierdskearders te finen. Der wurdt spesifyk socht nei objekten dy't mooglik in gefaar foarmje by in mooglike ynslach op Ierde.

De Catalina Sky Survey, festige op Mount Lemmon Observatory yn de Santa Catalina Mountains by Tucson, Arizona
It tal objekten dat troch ferskate projekten fûn is (CSS - grien)

It NEO Observations Program (NEOO) is it resultaat fan in opdracht fan it Amerikaansk Kongres oan NASA yn 1998, om in projekt te begjinnen dat alle objekten grutter as 1 kilometer yn trochsneed lokalisearje en folgje kin, mei in wissichheid fan 90 persint of better. De Catalina Sky Survey en de besibbe Siding Spring Survey (SSS, yn 2013 sletten), sykje nei ierdskearders, en drage sa by om de opdracht fan it kongres te ferfoljen.

CSS/SSS brûkt foar har observaasjes trije teleskopen: In 1,5 meter f/2 teleskoop op de top fan Mount Lemmon, in 68 sm f/1.7 Schmidt teleskoop yn de buert fan Mount Bigelow, beide yn it Santa Catalinaberchtme noardlik fan Tucson, en in 0.5 meter f/3 Uppsala Schmidt teleskoop op it Siding Spring Observatory (oant 2013) yn Australië.

CSS/SSS-team

bewurkje seksje

It CSS-team wurdt laat troch Eric J. Christensen fan it Lunar and Planetary Laboratory fan de Universiteit fan Arizona.

Teamleden:

  • Steve Larson
  • Ed Beshore
  • Eric J. Christensen
  • Rik Hill
  • Richard A. Kowalski
  • Alex Gibbs
  • Andrea Boattini
  • Al Grauer

Yn Australië:

  • Robert H. McNaught
  • Gordon Garrad

Keppeling om utens

bewurkje seksje